Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
63 results
Place of Narration: Burgum
To Feanwâldsterwâl seinen se mei mistich waer as der fan dy mistslierten wienen en it rûze hwat yn 'e reiden: "Hearst it wol? De wite wiven binne oan 't forgaderjen."
nl.verhalenbank.30997
As der wite skûmkoppen op 'e baren fan 'e mar sitte sizze wy: dêr ride wite wiven op.
nl.verhalenbank.31185
Oan 'e Simmerdyk stiet in plaets, dy hyt fan 'Buitenrust'. Yn 'e buert dêrfan spoeke altyd in wite juffer, seinen se. Dat wie juffer Lys.
nl.verhalenbank.23622
Tusken 12 en 2 ûre yn 'e nacht legen pake en dy (fiskers to Feanwâldsterwâl) de netten noait, hwant dan kaem 't net goed.
nl.verhalenbank.31000
Wy hienen in arbeider fan Garyp. Op in moarn bitiid gong er us wer nei ús ta, doe wie der him in hiele greate keardel op side kom. Dy bleau hyltyd njonken him. Pas doe't er yn Burgum wie, gong er by him wei.
nl.verhalenbank.23614
Oan 'e Achterwei by de Burgumer Nijstêd stie it spul mei de groubalke. Dêr koenen se net oer, hwant dan woarden se yn 'e feart smiten.
nl.verhalenbank.23616
By de Skilige Piip spûke it ek. Dêr woarden guon ek sa mar yn 'e feart smiten. It is der ek gebeurd dat in wein dêr samar yn 'e feart set waerd.
nl.verhalenbank.23617
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
To Hurdegaryp wenne froeger dokter Bontekoe. Dy hie dêr in homeije by syn slot stean, dêr gong de hekke nachts altyd fan iepen. Dy koenen se mei gjin mooglikheit ticht hâlde wie 't sizzen altyd.
nl.verhalenbank.36734
Der wienen twa Amerikanen, dy gongen nei de griezelkelder to Ljouwert, dy stie yndertiid op 'e hoeke fan 'e Twabaksmerk en de Koaningsstrjitte, tsjin it museum oer. Doe't se dêryn kamen, skopte ien fan 'e beiden by ûngelok tsjin in lyts katsje oan. Dat kaem sa bot oan, dat it katsje wie dea. Dat seach de memmekat en dy roun dy Amerikaen iderkear...
nl.verhalenbank.31090
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
Fan 'e hoeke fan Gariper heide ôf en Garyp, dêr't de pleats fan Sjoerd Brandsma stiet, rint in paedtsje nei de Inialoane ta. Men mat dan oer in sleat en dêr leit it bucheltsje hout oer. Myn omke gong dêr ris lâns, doe't er noch feint wie. Hy kaem razendewei thús en sa wyt as in deaden. Dêr hie sa'n raer ding op it paedtsje lein as hy noch noait sjoen hie.
nl.verhalenbank.31964
As wy ticht by 't wetter kamen, sei ús mem: "Tink der om, aenst pakke de kikkerts dy." Us heit sei, as wy allinne nei 't wetter gongen op it Bûtenfjild: "Tink der om, foar donker wer thús wêze, oars pakt de griene man dy." Ek: as jy by 't donker thús komme ha jy kâns dat de wettergeast jin pakt.
nl.verhalenbank.31001
Myn man syn heit en syn broer ha ris togearre nei de klaei west, dêr't se wurken. Doe seagen se dêr in beamke. Dat beamke gong stadichoan ta de groun út mei woartel en al. En doe kommen dêr in pear bern út 'e groun wei setten. Doe gong it beamke wer yn 'e groun. Myn man syn heit en syn broer, dy seagen dat. Hja wienen deabinaud woarn. De âld man sei tsjin...
nl.verhalenbank.38153
By 't spoar yn 'e Westerein wie in greate bult. Ut dy bult kamen nachts in pear famkes mei reade doekjes om 'e hals, dy spoeken dêr om. Dy famkes wienen dêr formoarde woarn. Se hienen har de hals útsnien en nou koenen se net rêste. Hja sweven oer de spoarbrêge hinne en sa gongen se by 't spoar lâns en werom. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.38154
Hjir en dêr binne plakken dêr kin men bislist net oanlizze. Op sa'n plak komt dan soms in paed út, dat fan 't tsjerkhôf komt. Dêr wurdt it lyk lâns brocht en in lyk mat altyd frij paed ha, dêr mat alles foar wike. As men dêr lizzen gong, dan gong it altyd raer en it skip rekke fêst los. Gong men in eintsje fierder lizzen, dan wie it goed.
nl.verhalenbank.29689
Dêr wie in fisker, in sekere Bylsma, dy moest mei de boat fan Warten nei Earnewâld. Doe wie dêr in reizger, dy moest ek nei Earnewâld ta, mar dy moest rinne. De fisker sei tsjin him: "Jo kinne wol mei farre, dan binne jo in hiel stik gauwer to plak." Dat gong oan, de reizger stapte yn 'e boat. De reizger naem ûnderweis in prûmke tabak út 'e doaze en doe't...
nl.verhalenbank.31978
In ynwenner fan Aldegea (H.O.) hie nei de slûs ta west, nei de Fluesen. 't Wie yn 'e winter. Hy hie riden en kaem werom. 't Wie op jountiid. Healwei Aldegea seach er in frjemd ljocht. Hy sette der achteroan. It sweefde. It gong de polderdyk del. De man moete net ien. It ljocht gong troch it doarp en sweefde nei 't tsjerkhôf ta. Dêr waerd it wei yn in...
nl.verhalenbank.31303
By de Lange Sleatten spûke it. Dêr hat in man tahâlden, dy wenne dêr mei syn dochter yn in aek. Op in kear wie dy man net thús. Syn dochter wie allinne yn 'e aek. Doe seach se dat der oan 'e oare kant fan 'e feart ien stie to winken. Dy woe oerset wurde. 't Wie skimerjoun. Hja roeide nei him ta, mar doe't se tichterby kaem seach se dat er gjin fuotten...
nl.verhalenbank.36733
Nachtmerjes komme by de hynders. Dy ha flechtsjes yn 'e moanjes, as de nachtmerjes der west ha. It geraemte fan in hynstekop boppe de doar jowt biskerming tsjin kweade geasten (Eastemar). Ek in flearbeam op 't hiem biskermet de minsken tsjin kweageasten.
nl.verhalenbank.31304
63