Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
27 results
Dutch Keywords: spookplaats Place of Narration: Burgum
Op de Lange Sleatten by Earnewâld koe noait in skipper lizzen bliuwe. Yn 'e nacht waerd altyd it spit op it skip smiten. Dat die de Lange Sleatterman, dat wie in spûk.
nl.verhalenbank.31393
It âlde Talma-hûs to Feanwâlden is in spookhûs. Dêr hat alear in notaris yn wenne, mynhear de Clerq. Myn omke (Albert-om) wie dêr húsfeint. Dy fortelde, dêr spûke altyd in frou, in dame, yn dat hûs om.
nl.verhalenbank.31017
Ien fan 'e soannen fan Durk Jarings hie yn 'e herberch west to Jistrum. Hy soe nei hûs ta. 't Wie let yn 'e joun. Doe seach er dêr tichte by de Spûkloane in wite gestalte, dy't dwars oer de wei hinne sweeft nei de oare kant ta. 't Like de gestalte fan in minske. Hy is werom gien nei Jistrum, hy doarst dêr net lâns.
nl.verhalenbank.31406
Der spoeke by Aldegea (H.O.) in wylde baerch, dêr't de lju o sa bang foar wienen.
nl.verhalenbank.21965
Op 'e Spûkeloane to Jistrum roun nachts in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31196
Op it Lútsensloantsje to Garyp spûke in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Ek op 'e Sibe Jantsjes-loane.
nl.verhalenbank.31966
Op it hiem fan Bennema-State stiet in greate, swiere bûkebeam. As men in takke fan dy beam ôfkapte, dan sloech der in flam út en dy flam forbrânde de man of frou dy't dy takke der ôfkapte.
nl.verhalenbank.31033
De family van Koten to Eastemar die oan spiritisme. Mar op in kear waerd âlde Rienk van Koten samar in kâlde hân tastutsen fan in minske, dy't der net wie. En op in kear gongen de skuorredoarren samar wigewaeid iepen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.21961
To Jistrum hat men de Spûkloane. Dêr spûket in fôle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31405
Yn Kûkherne spoeke in hynder by nacht. Deis wie it der net. Mar nachts dan hearden se it wrinzgjen.
nl.verhalenbank.31203
Oan 'e Langeastloane is 't Klaesboskje. Dêr hat ien him ris ophong. Sûnt hinget er altyd jouns oer de hekke hinne.
nl.verhalenbank.31404
Tusken Jistrum en de Grinzer Strjitwei, by in bocht tichte by 't Harstepaed, waerd altyd in wite forskining sjoen. Ien is dêr alris sa kjel fan woarn, dat hy is hals oer de kop thúsfleanen kaem.
nl.verhalenbank.21957
Krekt oer de feart to Feanwâldsterwâl roun in fôlle mei in brijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29663
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan. Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
Yn 'e Fluesen, de kant nei Koudum op, binne de Holken en fuort dêrby is de Spoekerspôlle. Dêr wie in oanlizplak foar fiskers. Dêr wie ek in tichtset. 't Wie dêr altyd mis. Wie de fisker goed en wol yn 'e sliep, dan wie 't plof! Dan gong hy der út en dan leinen de spitten fan it tichtset op it dek. Dy wienen dêr op smiten woarn. Guon wienen dêr tige binaud...
nl.verhalenbank.21952
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
Op 'e Heideloane by 't swarte krús (poepekrús) oan 'e Simmerdyk fan Burgum nei Hurdegaryp spoeke it.
nl.verhalenbank.31246
Der wie in hûs yn Feanwâldsterwâl, dêr spokke it. Dêr dounsen nachts de turven yn om.
nl.verhalenbank.29671
To Hurdegaryp stiet by de wente fan dokter Bontekoe in hekke, dy't se net tichthâlde kinne.
nl.verhalenbank.31289
Myn jongste broer kaem op in sneintojoun thús. It wie sahwat om healwei achten hinne. 't Wie yn 'e winter en knap donker. Hy kaem de Joute van der Meer-wei út wei. Ik stie klear om nei de faem ta. Myn broer wie alhiel oerstjûr en sa wyt as snie om 'e holle. Ik sei: "Hwat skeelt dy?" Hy sei: "Nou kom ik noait wer ta de doar út. Ik sei: "Hoe nou sa?" (De...
nl.verhalenbank.31965
27