Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: open Place of Narration: Burgum
De family van Koten to Eastemar die oan spiritisme. Mar op in kear waerd âlde Rienk van Koten samar in kâlde hân tastutsen fan in minske, dy't der net wie. En op in kear gongen de skuorredoarren samar wigewaeid iepen yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.21961
Dêr wie in fisker, in sekere Bylsma, dy moest mei de boat fan Warten nei Earnewâld. Doe wie dêr in reizger, dy moest ek nei Earnewâld ta, mar dy moest rinne. De fisker sei tsjin him: "Jo kinne wol mei farre, dan binne jo in hiel stik gauwer to plak." Dat gong oan, de reizger stapte yn 'e boat. De reizger naem ûnderweis in prûmke tabak út 'e doaze en doe't...
nl.verhalenbank.31978
To Hurdegaryp stiet by de wente fan dokter Bontekoe in hekke, dy't se net tichthâlde kinne.
nl.verhalenbank.31289
To Hurdegaryp stie altyd in hekke dy koenen se mei gjin mooglikheit ticht hâlde, dy gong altyd fansels wer iepen. Dat wie by it hûs fan dokter Bontekoe.
nl.verhalenbank.31245
De hekke by 't hûs fan dokter Bontekoe to Hurdegaryp gong altyd fansels iepen. Dêr passearde hwat lâns dat se net seagen, dêr moest de hekke foar iepen.
nl.verhalenbank.31977
Yn Hurdegaryp wenne dokter Bontekoe. Dy hie in hekke foar syn tún, dy woe noait tichtbliuwe. Dat doogde fansels net. Dy hekke stie altyd iepen.
nl.verhalenbank.29686
To Hurdegaryp, by it hûs fan dokter Bontekoe, wolle de hekken noait ticht bliuwe. Dêr hat de duvel ek mei to meitsjen.
nl.verhalenbank.31195
Op Bennema-state to Hurdegaryp wenne froeger dokter Bontekoe. Yn dy tiid koenen se de hekke foar 't hiem noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen as se him ticht dienen.
nl.verhalenbank.31608
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Yn Warffum wie in spûkskuorre. Wy seinen noait Warffum, mar Nander. Ik wurke dêr yn 'e konservefabryk fan Wilco. Dêr wie in skuorre, dêr spûke it altyd. Dêr waerd yn 'e nacht samar in balke fan 'e skoudoarren naem en dan gongen de doarren iepen, wylst der net in minske to sjen wie. Letter gongen de doarren ek fansels wer ticht. De measte minsken doarsten...
nl.verhalenbank.38160
10