Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Burgum
It is nou miskien 70 jier lyn, doe haw ik de duvel sjoen. It wie yn 'e gedaente fan in kabouter. Ik wie in jonkje. Twa bruorren wienen by my. Dy kabouter sprong al mar oer de kop. It forjit my noait.
nl.verhalenbank.31231
Us mem roun yn 'e sinteklazetiid mei de taeikoer. Hja kaem ris op in joun by in hûs, dêr't se taei forkocht. Doe gong se dêr wer wei, doe seach se in beest. Hja wist net hwat it wie, mar 't wie in hiel great ding. Doe't it beest tichteby wie, like it in hiele greate houn. Hy wie roetswart en hie gleone egen yn 'e kop. Mem wie deabinaud. "Ik hoopje noait,...
nl.verhalenbank.38156
Frijmetselers binne ek kûgelfrij. Op 'e Lykwei wenne sa'n man, dy wie frijmetseler. 't Wie âlde Aldert. Hy moest nou en dan nei Dútslân ta, dêr't it gebou stie, dêr't se yn byelkoar kamen. De earste kear dat hy der by kaem moest er dêr ek hinne. Doe moest er troch in tsjustere kelder yn 'e groun. Dêr moest er alles sjen. Hy moest ek oer in deakiste hinne...
nl.verhalenbank.38140
It Bûtenfjild, dat wie froeger allegearre sompe en wetter. It lei achter Feanwâldsterwâl. As jy dêr op it hynder trochhinne rieden seagen jy dêr by jountiid de dwaelljochtsjes (wylde lantearnen). As jy dy ljochtsjes folgen, dan gongen jy ûnherroepelik it moeras yn en seagen se jin net wer. 't Wie de duvel dy't jin dêr hinne lokke.
nl.verhalenbank.31012
Oege wie arbeider by in boer. Dy boer hie twa sike hynders, dêrom stjûrde er Oege nei greate Wopke fan Kûkherne, de wûnderdokter en duvelbander. Hy joech Oege hier mei fan 'e sike hynders, mar ek hier fan in oar hynder, dat net siik wie. 't Wie yn 'e winter en 't iis dat hâldde, dat Oege ried op redens nei Kûkherne. Wopke biseach de trije soarten hier en...
nl.verhalenbank.31584
Myn suster hat as lyts famke bitsjoend west. Doe gongen se mei har nei Wopke ta, dy't yn Kûkherne wenne. Wopke stie by de hekke. Hy sei tsjin mem: "O, ik wit wol, hwer't jo foar komme." "Né," sei myn mem, "dat wite jo nèt." "Ja," sei Wopke, "dat wyt ik wòl." Doe sei er: "Jow my dat bern mar oer. Gean jo mar nei myn frou ta." Doe gong Wopke mei 't bern nei...
nl.verhalenbank.38150
6