Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: wonen Place of Narration: Burgum
Sterke Feije wenne yn Burgum. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him en dy frege him oft er ek sizze koe hwer't dy en dy persoan wenne. Doe spande Feije de hynders út en hy hie de ploege optild - dy woech sa'n tûzen poun - en dy hied er mei ien hân foar him útstutsen. En sa hied er dy man oanwiisd hwer't dy persoan wenne....
nl.verhalenbank.27642
Yn Noardermar wenne âlde Iebeltsje. Dy hie in dochter, dy waerd kranksinnich. Doe liet hja dy dochter wenje yn in gat, dat se yn 't hea makke hienen, dêr koe se net wer út komme. Dêr krige se har iten en dêr die se har bihoeften. Klaske hiet se, mar se seinen Kajje tsjin har. Letter doochde it dêr net mear yn 'e skuorre. Doe spoeke Kajje dêr, dy't doe al...
nl.verhalenbank.31234
To Bennema-state yn Hurdegaryp - nou in tehûs foar âlden fan dagen - stiet in hekke, dy't se noait ticht hâlde kinne. Docht men him ticht, dan giet er klokslach 12 ûre yn 'e nacht wer iepen. Mar as men hwat roggestrie om it slot hinne wuollen, dan bleau er ticht. De man dy't yn Bennema-state wenne hat, hie him oan 'e duvel forkocht. Doe't dy dea wie...
nl.verhalenbank.31032
Piter Poes wie duvelbander, dêr praetten de minsken froeger noch wol gauris oer. Dêr't Linse Hoekstra wenne hat, njonken 't Sportterrein op 'e Sumarreheide, hat er wenne. 't Húske stiet der noch, mar 't is nou modernisearre.
nl.verhalenbank.31967
Der kom us ien by Sterke Hearke. Hy wie op it fjild oan 't ploegjen. "Hwer wennet sterke Hearke?" frege er. Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Sjoch, hjir stiet er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23621
Us mem sei, as der in pod yn 'e hûs kaem, dan soe de húshâlding, dy't dêr wenne, forsmoargje. (dat hie hja heard yn 'e Harkema)
nl.verhalenbank.31019
Myn swager syn heit, dat wie Oene Krop. Dat wie in nuver man. Hy koe de minsken en de beesten genêze. Dat die er op in fremde manier. Minsken dy't net rinne koenen, makke hy wer oan 't rinnen. Hy wenne yn 'e Bosk yn 'e Westerein. Se kommen faek by him, foar harsels of foar in dier. Syn echte namme wie Oene Kempenaar. Ik haw twa kear myn foet forknoffele....
nl.verhalenbank.38151
Yn Ljouwert, yn 't steechje tsjin 't froegere stêdssikenhus oer, wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Ik wyt net of er noch leeft. Midden yn 'e nacht woarde er út bêd wei roppen en dan moest hy der út om to sjen. Soms moest er hiele einen rinne. Sokke minsken kinne dan net lizzen bliuwe. Dy man út Ljouwert seach dan in lykstaesje. Dan wist er hwa't...
nl.verhalenbank.38145
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. By de Falom stie in slot. De âlde mynhear dy't dêr yn wenne wie tige ryk. Dêr logearden nachts wolris guon. Dan hellen se fan alles út. Der wurdt biweard dat der wol ris guon deamakke waerden. Dy waerden dan biroofd. Dêr waerd dy âlde mynhear sa ryk fan. Letter spokke it dêr. De kelder ha se útgroeven...
nl.verhalenbank.29666
Yn 'e Westerein wenne Piters Willemke. Dat wie in biruchte tsjoenster. Hja koe fleane. As se der nachts op út wie, lei har pânse op bêd.
nl.verhalenbank.38146
Mar Oene Krop wie ek in greate tsjoender. De minsken doarsten him net yn 'e hûs to litten en net by it fé. Hy makke se samar siik. Myn broer wenne yn Ljouwert. Hy hie in jonkje, dat wie altyd siik en gammel. It wie noait fleurich lyk as oare bern. It siet echt yn 'e pogge. It woe net boartsje en it wie mear dea as levend. Doe kom dêr ris in swager fan...
nl.verhalenbank.38152
Hekse-Harm (= stammerige Harm) wie èk in tsjoenster. Der wenne in famke yn 'e Westerein, dy wie achter yn 'e tún. Dêr wie ek in kat, in fremde kat. Mem, sei se, hwat haw ik dêr in moaije poes. Hja nom de kat mei yn 'e hûs. Even letter siet Hekse-Harm by harren op 'e stoel en de kat wie fuort.
nl.verhalenbank.38147
Alde Klare wie wiersizter. Hja wenne by 't spoar yn 'e Westerein. Hja sei tsjin in kammeraetske fan my: "Dû krijst in keppel bern en dû krijst gjin leven." Dat is krektsa útkom.
nl.verhalenbank.38168
Sterke Hearke mat leau 'k yn Eastemar wenne ha. Hy fuormanne mei in âld kedtsje, dat wie net safolle mear wurdich. Hy sei soms tsjin 't kedtsje: fuort -, mar dan koe 't âld dier it net dwaen. Dan gong hy njonken de kedde stean en luts sels oan 't tiksel mei. Dan gong it wol. Sà sterk wie dy keardel. Sa'n wein siet fol dong of der siet in foer hea op.
nl.verhalenbank.38133
Ek mat er ris mei ien hân in ploege optild ha, doe't ien him frege hwer't dy en dy wenne.
nl.verhalenbank.38134
35