Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn neef Repke siet ris by Jehannes tsiisrinder yn 'e kroech. Repke hie de klompen útdien. Dy hied er njonken him by de stoel stean. Hy soe nei hûs ta. Doe sei Jehannes tsjin Repke: "Dû giest joun sûnder klompen nei hûs ta."
De klompen stienen njonken Repke. Hy soe se oan dwaen, mar hy koe der mei gjin mooglikheit yn komme.
Hy is sûnder klompen nei hûs ta...
nl.verhalenbank.28644
Jehannes tsiisrinder hie in kroech op Feanwâldsterwâl.
Dêr kommen us in kear lju lâns, dy hienen in petroaljefet, dat rollen se foar har út. Doe wienen se oan 'e herberch fan Jehannes ta, doe woe dat fet ynienen net fierder. Doe liet er dy lju stean. Jehannes koe ek duvelskunsten.
nl.verhalenbank.28643