56 results
Place of Narration: Buitenpost
Kij Jager wie ek in tsjoender.
nl.verhalenbank.16528
Alde Harm (stammerige -) fan 't Wyldpaed wie in tsjoenster. Hy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16512
Hy koe de tange by de hurd opspringe litte.
nl.verhalenbank.38420
Der waerd biweard dat er frijmitseler wie.
nl.verhalenbank.38433
Der waerd biweard dat er de minsken stean litte koe.
nl.verhalenbank.38426
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
nl.verhalenbank.38430
Jehannes tsiisrinder liet by Doede Postma de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
nl.verhalenbank.28645
Stammerige Harm fan Twizelerheide is ris in kear oer de Swâdde smiten woarn troch de duvel. Hy hie in wikseldaelder en sadwaende altyd wol jild om hannen. Hy handele yn fodden ensa.
nl.verhalenbank.22957
Alde Frearke Fogel fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Doe't se har biklaeije soenen, founen se allinne mar in pânse. Doe ha se dy mar yn 'e kiste dien.
nl.verhalenbank.19456
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
nl.verhalenbank.38428
Jehannes gong ek wol nei tsjerke ta. Der wie ien dy frege him ris: "Foldocht it jo hwat?" "Jawol," sei Jehannes, "ik mei sa graech oer sjongen."
nl.verhalenbank.38429
Harm Fodde (= Spoeke Harm = Stammerige Harm) dy koe him foroarje yn in kat. Hy koe tsjoene. Harm hie jild ûnder yn 'e sek. Hy hie ek in wikseldaelder. Hy hie noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.22856
In tsjoenster mat om 'e sawn jier op syn minst ien deatsjoene. Hja moat yn dy tiid ek sawn krânsen yn 'e kessens makke ha.
nl.verhalenbank.26217
Op in kear wie er mei ien fan syn maten op stap. Doe hie er ynienen roppen: "Pyk, pyk!" Doe kamen der allegear hinnepykjes oan, in hiele rige, allegear moai achter elkoar, hyltyd mar mear. "Wolst noch mear piken sjen?" hied er tsjin syn maet sein.
nl.verhalenbank.38421
Pake hat minsken kend, dy lieten soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Dy soldaetsjes marsjearden.
nl.verhalenbank.22860
Yn 't Wêst to Bûtenpost wennet in frou, dy hyt fan Tiet. Har man is in Klunder. Dy hat okkerjiers nei 't se sizze in frommes yn 'e Harkema bitsjoend en nou foar in fjouwer jier ús buorfrou hjirre.
nl.verhalenbank.16496
Alde Jan Oenes siet yn 'e gefangenis, mar hy kom elke joun thús by syn mem. Dan siet er as in hazze op 'e tafel. Hy krige dan lekker iten fan har en hie er dat op, dan gong er wer nei de gefangenis ta. Hy wenne yn Sweagerbosk en wie in greate tsjoender.
nl.verhalenbank.16537
Op in nacht leinen Klaes Jippes en 't wiif op bêd, doe fleach der in bol fjûr oer har hinne. Hja hienen in lyts jonkje, dêr wie 't omtrint oan ta west. Hja hienen deabinaud west. Dat hie Jehannes syn wurk ek wer west.
nl.verhalenbank.38423
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.
nl.verhalenbank.38432
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
nl.verhalenbank.36144
57