Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Kij Jager wie ek in tsjoender.
nl.verhalenbank.16528
Der waerd biweard dat er frijmitseler wie.
nl.verhalenbank.38433
Hy koe de froulju de rokken útsakje litte. Dat hat er faek genôch dien.
Der waerd biweard dat er de minsken stean litte koe.
nl.verhalenbank.38426
Hy koe de tange by de hurd opspringe litte.
Jehannes tsiisrinder liet by Doede Postma de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme.
Alde Harm (stammerige -) fan 't Wyldpaed wie in tsjoenster. Hy hie ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.16512
Hy wist ek altyd krekt hokker lju forlet hienen fan tsiis en hoefolle jild de minsken by har hienen.
Jehannes gong ek wol nei tsjerke ta.
Der wie ien dy frege him ris: "Foldocht it jo hwat?"
"Jawol," sei Jehannes, "ik mei sa graech oer sjongen."
Mei syn tsiishandel doarst Jehannes op alle hiemen to kommen. Der wie net in houn dy't him hwat die.
Jehannes hie ek in boatsje, dat wie in soart fan skouke. Dêr hie er in seiltsje op en dêr sylde er mei. Dan siet er yn 'e foarein en hy stjûrde net. Hy hie neat beet, en dochs sylde hy mar raek.
Op in nacht leinen Klaes Jippes en 't wiif op bêd, doe fleach der in bol fjûr oer har hinne. Hja hienen in lyts jonkje, dêr wie 't omtrint oan ta west. Hja hienen deabinaud west. Dat hie Jehannes syn wurk ek wer west.
Op in kear wie er mei ien fan syn maten op stap. Doe hie er ynienen roppen: "Pyk, pyk!" Doe kamen der allegear hinnepykjes oan, in hiele rige, allegear moai achter elkoar, hyltyd mar mear.
"Wolst noch mear piken sjen?" hied er tsjin syn maet sein.
Hy koe de soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte en dan bigounen se moai to marsjearen. Hy liet se ek wer yn gelid ta de hurddobbe yn gean. Us mem hat it sels sjoen.
Stammerige Harm wie de pake fan myn nichtsje. Harm koe ek tsjoene. Myn nichtsje fortelde, op in kear soe se har pake wekker roppe, doe lei der in pânse op bêd. Harmsèls wie der op út to tsjoenen.
Kaem der in sergeant mei dreigeminten by him, dan liet er dy sergeant stiif stean. Dan koe dy net in kant út.
Hy hie in spul kaerten, dêr lei er in kop omkeard oer hinne. Even letter helle hy dy spylkaerten ien ta de jas út.
Jan Popkes hie in toverboek. Dêr die er syn kunsten mei. Dêr koed er like hurd yn achterút lêze as foarút lêze.
Myn neef Repke siet ris by Jehannes tsiisrinder yn 'e kroech. Repke hie de klompen útdien. Dy hied er njonken him by de stoel stean. Hy soe nei hûs ta. Doe sei Jehannes tsjin Repke: "Dû giest joun sûnder klompen nei hûs ta."
De klompen stienen njonken Repke. Hy soe se oan dwaen, mar hy koe der mei gjin mooglikheit yn komme.
Hy is sûnder klompen nei hûs ta...
Jehannes tsiisrinder hie in kroech op Feanwâldsterwâl.
Dêr kommen us in kear lju lâns, dy hienen in petroaljefet, dat rollen se foar har út. Doe wienen se oan 'e herberch fan Jehannes ta, doe woe dat fet ynienen net fierder. Doe liet er dy lju stean. Jehannes koe ek duvelskunsten.