Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: vloeken Place of Narration: Buitenpost
Der wie in boerefeint, dy hie in forboun sluten mei de âld feint (= de duvel). Hy wedde us mei de boer, hy soe it mollebult struijen yn trije ûren dien ha. "Dizze weddenskip hast forlern", sei de boer. Mar de feint gong noflik op it lân lizzen to sliepen. Binnen trije ûren wie alles swart. "Jo ha 't forspile", sei de feint. De âld-feint hie 't opknapt....
nl.verhalenbank.16502
Japik, myn man, hat mei in stikofhwat maten ris nei Twizel ta west. It gong bot op in swetsen en flokken en dêr hienen jy 't al. Doe't se sahwat midden op 'e Wedze wienen, krigen se de duvel njonken har. Sy koenen skoan sjen dat er it wie. Hy hat har folge oan 'e doar ta. Se wienen deabinaud. Mar Japik wie net bang, hwant dy hie in goed geweten.
nl.verhalenbank.16521
Janom wie nei de faem ta. Mar dêr roan er in blauwe skine. Doe hied er in sin as in baerch en hy flokte en ketterminte dat it in griis wie. Mar dêr woarde er foar straft. Hwant doe't er ûnderweis wie, kom der him in jong baeske op side. Dat wie de duvel. Janom woarde sa binaud, dat hy hie oan elke hier in switdrip hingjen. It feintsje bleau oan hûs ta by...
nl.verhalenbank.16520
Jan Huizinga wie slachter yn Burgum. It wie ien dy't gauris in romerfol kochte. Hy wie faek dronken en dan swearde en swetste er mar raek. Doe wied er op in kear oan 't hûs fan kantonrjochter Schaafsma ta: Glinstra-State. Hy hie 't wer raer opsein. Dêr woarde er ynienen opnom en yn 'e gracht smiten. Op 'e kop der yn. 't Wie op in joun. Sûnt hat er noait...
nl.verhalenbank.28639
Us Koen-om (Koen van der Mark) kaem oarspronkelik út Dútslân. Dat wie yn syn feintejierren in hiele raren-ien. It gong him noait to raer. It wie alle jounen kaertspylje yn 'e kroech op 'e Wâl, en dêr waerd by flokt dat it raer wie. Op in joun siet er wer mei guon to kaertspyljen. Hja wienen mei har fjouweren, mar de iene wie in fremden-ien. Dêr hie...
nl.verhalenbank.38442
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man. Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152
6