Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: straf Place of Narration: Buitenpost
It is us in kear op 'e Lange Wyk gebeurd, dat dêr ien oer de dyk smiten woarde. Dat wie in tige rûch man. Hy hie earst in skoft yn 'e kroech sitten en rare wurden brûkt. Dêr hied er de boel forsweard. Doe hat de duvel him opnom en oer 't wetter smiten.
nl.verhalenbank.22955
Sape Boersma fan Gerkeskleaster hie tofolle dronken. Hy hie yn 'e kroech sitten en doe gong er op 'e fyts sitten. Hy flokte as in ketter. Underweis, achter Strobos smieten se him yn 't Knjillisdjip. Dat die de duvel. Hy is der wer útrekke, mar doe wied er aerdich bikaem. Letter flokte er net mear.
nl.verhalenbank.30968
Japik, myn man, hat mei in stikofhwat maten ris nei Twizel ta west. It gong bot op in swetsen en flokken en dêr hienen jy 't al. Doe't se sahwat midden op 'e Wedze wienen, krigen se de duvel njonken har. Sy koenen skoan sjen dat er it wie. Hy hat har folge oan 'e doar ta. Se wienen deabinaud. Mar Japik wie net bang, hwant dy hie in goed geweten.
nl.verhalenbank.16521
Janom wie nei de faem ta. Mar dêr roan er in blauwe skine. Doe hied er in sin as in baerch en hy flokte en ketterminte dat it in griis wie. Mar dêr woarde er foar straft. Hwant doe't er ûnderweis wie, kom der him in jong baeske op side. Dat wie de duvel. Janom woarde sa binaud, dat hy hie oan elke hier in switdrip hingjen. It feintsje bleau oan hûs ta by...
nl.verhalenbank.16520
Frâns wenne yn Surhuzum. Hy wie frijgesel en in dikke sûplap. Syn mem gong altyd bot tsjin dat sûpen yn. Hja warskôge him geregeld en sei: "Dit kin dy noch wol ris raer ôfgean." Mar hy spotte mei har wurden en hy flokte der grouwelich by. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er. Op in snein-to-joun kom er wer thús. Hy wie smoardronken. "Hast nou al wer...
nl.verhalenbank.26216
Doe't ik in jonkje wie, wennen wy yn Stiensgea. Dêr wenne ek in fédriuwer, dat wie Boele Tseard. Dy fortelde doe us: Myn omke gong us in kear hjir yn Stiensgea achter de Bosk lâns. Omke dat wie in hiele dikke gewante keardel. Dy wie nergens binaud foar. 't Wie yn 'e nacht. Doe seach omke dat der in keardel achter him oan kom. Dy bleau mar achter him oan...
nl.verhalenbank.22138
In omke fan ús mem wenne yn Toutenburg op Swarteweisein. (Toutenburg is fan 'e Ypey-stifting.) Hy hiet fan Romke en wie in fromme man. Mar sa hie 't net altyd west. Yn syn jonge jierren wie 't in earst raren-ien. It gong him noait to mâl. Hy wie in great spotter en flokte sahwat om 't oare wurd. In ûnforskillich man. Hy woe noait fortelle hoe't er bikeard...
nl.verhalenbank.32152
7