Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: waarschuwen Place of Narration: Buitenpost
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels. Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Yn 'e Westerein wenne in tsjoenster, dat wie Wibe Baeije. Sjoerd en Durkje hienen in bern, dat hie hja bitsjoend. Doe gong Durkje nei greate Wopke ta. Wopke Minke joech har in drankje. "Mar pas op," sei Minke, "der komt jo ûnderweis ien foarby. Mar tink der om, dy mat net foarby oan 'e kant dêr't jo it drankje ha. Oars giet dat stikken. As soenen jo ek...
nl.verhalenbank.20010
As in geit blettere kom der reinwetter.
nl.verhalenbank.36316
Sint van der Veen wenne yn 'e Westerein, yn in âld houten keet. Alle jounen gong it dêr yn dy keet op in kaertspyljen. Dan wienen syn maten by him en it wie altyd wit hoe let yn 'e nacht foardat se ophâldden. It gong dêr sa bot op in sûpen en in flokken en in mâltjirgjen dat it wie in griis. Sint syn wiif lei dan al op bêd, mar it wie har o sa bot yn 'e...
nl.verhalenbank.19656
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn. Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe." Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
Frâns wenne yn Surhuzum. Hy wie frijgesel en in dikke sûplap. Syn mem gong altyd bot tsjin dat sûpen yn. Hja warskôge him geregeld en sei: "Dit kin dy noch wol ris raer ôfgean." Mar hy spotte mei har wurden en hy flokte der grouwelich by. "Ik bin foar de duvel net bang", sei er. Op in snein-to-joun kom er wer thús. Hy wie smoardronken. "Hast nou al wer...
nl.verhalenbank.26216
Ik ha 't oardel jier lang oan 'e nieren hawn. Doe kom myn swager út 'e Westerein us in kear by ús. Dy sei: "Der mankeart Bontsje neat. Hja sit ûnder forkearde minsken." Doe gongen se earst foar my nei Jonge Jan ta fan 't Wytfean. Mar dy hat der net folle fan makke. Doe hat myn man foar my nei Úlke Bultsje west. Úlke sei tsjin him: "Kom bist dêr al, Japik?...
nl.verhalenbank.18120
As men in slak deatrapet, bigjint it to tongerjen. Giet men op in pod stean, dan ek.
nl.verhalenbank.20441
Op in pod of in slak moat men net traepje seinen se froeger, oars bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.36151
Stean noait foar de spegel, hwant dan kinst in klap fan 'e duvel krije
nl.verhalenbank.18124
De bûzehappert wenne yn 't wetter. Dy pakte de bern.
nl.verhalenbank.19658
Is men by nacht op in paed, dan mat men altyd oan kant gean, hwant dan is der gefaer. Dan kin der wolris in lykstaesje oankomme dy't jin oan kant set.
nl.verhalenbank.30962
Alle Tet fan 'e Harkema wie in tsjoenster. Sy wie blau om 'e kop doe't se dea wie en sa slop as in flarde. Wy ieten as bern noait hwat fan har op, hwant dan krigen wy in pod yn 't liif seinen se.
nl.verhalenbank.19465
As men trapet op in slak, bigjint it to tongerjen. Mem warskôge my altyd.
nl.verhalenbank.20009
Sjoerde Ael wie ek in tsjoenster. Wy mochten as bern abslút neat fan har oannimme, dat hie mem ús goed ynpepere. Sjoerde Ael en Stammerige Harm koenen beide troch de loft sweve. Sy koenen har ek yn katten foroarje.
nl.verhalenbank.20021
As men op in slangekoaning trapet of men docht it beest hwat, dan bigjint er to fluitsjen. En dan komme alle slangen der oan en dy falle jin oan. Dan mat men hurd meitsje, dat men fuortkomt.
nl.verhalenbank.22965
In minske mat nachts net midden op 'e wei rinne. Hwant dan kin 't gebeure dat er foar by in lykwein oprint en der achter by delfalt, en dan kin er in rare smeet meitsje.
nl.verhalenbank.22970
Anne Karl wenne op 'e Sânbulten. Hy wie us yn Grinslân oan 't sichtsjen op 'e klaei. 't Wie achter Warffum. De plaets fan 'e boer stie pûr op 'e rûmte. Op in joun soed er nei 't doarp ta to skearen. Hy woe it koartste paed mar nimme, mar dat rette de boerinne him sterk ôf. Hwant op dat paed, dêr doogde it jouns net, dêr spoeke it. Sy rette him oan foar...
nl.verhalenbank.19662
Trapet men op in pod, dan kaem der tonger, waerd der froeger altyd sein, en as men in slak deamakke, ek. Mar dat wie bernepraet.
nl.verhalenbank.30967
35