Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Buitenpost
Alde Hindriks Kike wenne achter ús. Mem sei op in kear: "Der sil ûnwaer komme, dan rekket âlde Hindriks Kike har hûs der ôf. Ik ha 't brânnen sjoen. En op 'e Foarwei sil de boerepleats fan Dedde Wybenga ôfbrânne en alle fé sil der yn omkomme." 't Is allegear sa gebeurd. Hja sei: "Ik sjoch allegearre fjûr." De oare deis gebeurde it. Der kom in greate...
nl.verhalenbank.36300
Doe't ik nog jong wie roan ik us mei Diuwe Jelle en Durk - en Willem Mozes de Sânwei del yn 'e Harkema, dat nou de betonwei is, de Wytfeanster kant út. Doe hearden wy alle fjouwer klear dat se dêr oan 't houtendakspikerjen wienen. It timmere dêr hiel ûngelyk. Mar dêr stie neat, gjin kerl, noait ien spier, fordomd. Even letter stienen dêr de boufakhuzen.
nl.verhalenbank.19490
As ien op in pod trape kom der tonger.
nl.verhalenbank.36315
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht kin sjen mei hwa't er trouwe sil.
nl.verhalenbank.36317
As de noas jin jokket, krijt men rûzje of in buorrel.
nl.verhalenbank.20005
As men in ûngemak ha sil, wurdt men fantofoaren warskôge troch de fûgels. Ik haw it sels meimakke. Trije kear fantofoaren skattere der in ekster, doe rekke der ien ûnder 'e auto. Hy is net dearekke.
nl.verhalenbank.20004
Knjillis Veenstra (Minke Knjillis) fan Sweagerbosk wie mei de helm geboaren. Dy moest alle begraffenissen foarút sjen. Dêr siet in drang achter. Hy hat de bigraffenis fan syn eigen dochter ek sjoen.
nl.verhalenbank.36302
As in geit blettere kom der reinwetter.
nl.verhalenbank.36316
Alde Wigers Gjertsje hie in soan Theunis, dy wenne yn Hollân. Nou en dan kom er thús by syn mem . Op in kear wie dat wer it gefal. Doe sei ús mem: "Hy giet net wer nei Hollân ta." Hy is even letter fan 'e brêgeleuning yn 't kanael sprong en forsûpt.
nl.verhalenbank.36306
As it sweltsje tsjin 'e glêzen tikket, komt der mei trije dagen in deaden. Op it Wyldpaed gebeurde it, dat in lyts popke wosken en klaeid woarde. De mem lei noch yn 't kreambêd. It iene buorwyfke sei: "Der tikket trije kear in sweltsje op 'e glêzen. Dat bitsjut dat der yn 't koart in sterfgefal wêze sil." Trije dagen letter wie 't berntsje wei.
nl.verhalenbank.20000
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
Alde Marten van Kammen hie t.b.c. Hy lei yn in tintsje. Op in joun sei mem: "Ik mat der mar ris hinne." Doe't se weromkom sei se: "Hy leeft gjin twa dagen mear." De oare deis stoar er. Syn frou sei: "Ik hie 't der noait oan sjoen dat it sa hurd gean soe." Mar mem hie him al fantofoaren as lyk sjoen. Ik hie seis rare stikelwarten op 'e pols. Doe't Marten...
nl.verhalenbank.36299
Wy hienen froeger by ús yn 'e hûs twa hounen. Mar dat wie ien tofolle. Wy hienen 't och sa earmoedich, heit wie gebrekkich en wy koenen 't net bitelje om twa hounen fretten to jaen. Spits hiet de iene houn. Heit sei: "Ik sil Spits forsûpe." Mem sei: "Wybren, ik warskôgje dy, datstû dy houn forsûpste. Dû kinst him wol yn 't wetter dwaen, mar hy giet net...
nl.verhalenbank.36298
As der in deatikkerke achter 't bihang is, seit men wol: der is in fremde wekker yn 'e hûs. Ek wol: in wyld horloazje. Dan komt der in deaden.
nl.verhalenbank.20001
Myn suster hie in jonkje yn 't stêdssikenhûs yn Ljouwert to lizzen. Dat wie tige min. Myn suster wenne sels ek yn Ljouwert. Doe krigen se biricht dat de tastân fan it bern krityk wie. Myn swager wie hastich en sei tsjin myn suster: "Toe, dû mast oanmeitsje. Wy matte der hinne foardat it to let is." Mar myn suster sei kalm: "It hoeft net mear, hwant ús...
nl.verhalenbank.36139
Op in kear sei ús mem: "Der komt in lyk oan út Dokkum wei oer it wetter. Se fine it aenst yn 'e buert fan Ljouwert. Ik sjoch it spielen." In ûre letter founen se in lyk yn 'e Bonkefeart. 't Wie it lyk fan in geestlik gestoarde, fan Dokkum ôfkomstich.
nl.verhalenbank.36305
Tusken Reitsum en Ginnum stiet in slachthûs. Foardat it dêr stie moesten se dêr de hynders altyd beet krije, as se der lâns kamen, hwant dan wienen de dieren angstich. It wie foartsjirmerije. Letter kaem it slachthûs dêr en doe moesten de hynders altyd yn toom hâlden wurde as se it passearden. Hynders binne altyd bang foar in slachthûs.
nl.verhalenbank.32188
As it hynder foar de lykwein stean bliuwt foar de daem fan in hûs en mei de poat skrabbet, dan komt dêr ûngefear trije à sawn dagen neitiid ien to fortsjerren. Itselde hynder rint dan wer foar de lykwein.
nl.verhalenbank.20003
As de klok sadanich let krekt as op in bigraffenis, dan stjert der ek ien.
nl.verhalenbank.20002
Heit wurke by de Baersma's. Op in kear kom er thús. Doe wie mem al wei. Doe sei er: "Ik ha hwat sjoen, bern. Ik ha sjoen, dat se op 'e moanne komme. Dy minsken hienen fjouwer wjokken oan har en in bus op 'e rêch. Ik bileef it net mear, mar jimme sille 't sjen." Hwat ha 'k faek oan dy wurden fan heit tocht, as se wer ris nei de moanne ta gongen.
nl.verhalenbank.36304
35