Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: onzichtbaar Place of Narration: Buitenpost
Us âlden hâldden ús foar om nachts noait midden op 'e wei to rinnen. Marten van Kammen seach net sa bêst. Dêrom roan dy nachts àl midden op 'e wei. Mar dat moest er bilije. Hy woarde op in kear samar opkrigen en oan 'e kant fan 'e sleat smiten. En hy hie noait in minske sjoen.
nl.verhalenbank.36301
It Swadde-paedtsje wie sahwat oardel meter breed. Oan 'e iene kant wie in dyk mei beamguod, oan 'e oare kant de Swadde, dêr't ek beamguod bylâns groeide. Dêr wie nachts altyd in rolle fyfskaft op dat paedtsje, dat him min of mear forweegde. Dat spoeke dêr om en de minsken dy wienen der bang foar.
nl.verhalenbank.20015
Yn Westergeast kuijere myn skoansuster us mei in kammeraetske oer de bou. Doe kom der ien oan. 't Wie in persoan mei in swart snorke en hy like wol hwat op myn broer dy't overleden wie, sa't se seinen. Hy wie al flak by de beide froulju, en soe om in hekke hinne en doe wie der neat mear to sjen. Hy wie ynienen ûnsichtber.
nl.verhalenbank.20064
Us pake is us in kear tusken Warfstermoune en Muntsjesyl samar yn 't lân optild woarn en in ein fierder yn 'e sleat delset. 't Wie heit syn heit. Hy hie nei in boereplaets west. Hy hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.22858
Men mat by nacht net midden op in paed rinne, hwant der kin ris in lykstaesje wêze dy't men net sjocht. En in lykstaesje giet noait oan kant, dy mat men rûmte jaen.
nl.verhalenbank.38441
Ik haw ien kend, dy is ris troch in lykstaesje oan kant set. 't Gebeurde by nacht. Hy hie neat sjoen.
nl.verhalenbank.30970
35