Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: drie Place of Narration: Buitenpost
Om har to bifeiligjen tsjin tsjoensters droegen se froeger yn 'e Twizelerheide duveldrek yn in bantsje om 'e hals. Sy gongen ek wol hinne en bidobben trije dûbeltsjes ûnder 'e drompel, mei de koppen omheech. Dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.20017
Myn frou komt fan Ginnum en Reitsum yn Ferwerderadiel. To Ginnum wenne in âlde frou, dy gong foar in tsjoenster troch. As der guon siik wienen brocht it minske dêr altyd fruit hinne. Myn frou hie reafonk doe't it in famke wie. Doe brocht dat âld minske dêr ek fruit hinne, fan allerhande soarte en fan 't allermoaiste. Doe kaem myn frou har beppe en dy...
nl.verhalenbank.32153
Pibe Hindrikje wenne njonken ús. Dat wie ek in âld tsjoenster. Wy binne dêr ris trije geiten kwyt rekke, dy wienen samar dea. Japik hie se de foarige deis noch molken en de oare deis leinen se dea op 'e stâl. Dy wienen bitsjoend.
nl.verhalenbank.16527
Myn frou hie in buorfrou, dy sukkele altyd. Doe ha se op in kear it kessen iepensnien. Doe sieten dêr krânsen yn. De trêdde krâns wie noch net fol. Hie dat it gefal west, dan hie 't minske deagong. Sy ha de krânsen forbrând en doe is hja wer opknapt. De trije dy't har bitsjoend hienen, dat wienen Stammerige Harm en dy syn suster en in dochter dêrfan.
nl.verhalenbank.24527
Sjoerde Ael fan Sweagerbosk hat har eigen trije muoikesizzers deatsjoend mei bihelp fan âlde Lamke. Lamke wie de mem fan 'e trije jonges. Hja hienen branje to keap en mem hie der us hinne west om turf. Doe't mem thús kom hie se hiel bot pine. "Bontsje," sei se tsjin my, "helje my de pispot." Ik lake. "Ik forgean fan 'e pine", sei se. Ik helle de pispot en...
nl.verhalenbank.20011
5