Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: fles Place of Narration: Boelenslaan
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme. Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne. Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije. Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west. "Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein. De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne. De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer. Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Minse Griper koe ek in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Dat gebeurde by him yn 'e hûs. Dan rikke er de lege flesse oer om 't hoekje fan 'e doar. Even letter kom de folle flesse der oansweven. Hy mocht him net oannimme. As der net ien by wie, dy't him oannaem, dan gong er sels dea.
nl.verhalenbank.24378
Ik ha 't yn myn jonge jierren meimakke yn 'e kroech op it Jachtfjild, dat der in fremde man ta de jachtweide ynstapte, dy't dêr bigoun to kaertspyljen. Doe die er ynienen de earm omheech mei in kaert yn 'e hân - skoppenboer - leau 'k. Dy wie ynienen út 'e hân wei en eefkes letter stie dêr in greate flesse mei jenever op 'e tafel.
nl.verhalenbank.32241
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west. Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
7