Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
54 results
Place of Narration: Boelenslaan
Ik ha wolris sizzen heard dat der minsken binne, dy't har yn in houn foroarje kinne.
In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje.
Minse Griper, myn âldomke, koe de minsken stean litte.
nl.verhalenbank.19604
Piter Scheper koe samar troch in sluten doar hinnekomme. Gjin slot wie tsjin syn tovermacht birekkene.
nl.verhalenbank.17338
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Imke koe op twa plakken tagelyk wêze. Hy wie soms op itselde momint by de foardoar en by de achterdoar. Op in kear, doe't er de kaserne yn Ljouwert forlitten hie, waerd er op itselde tiidstip yn 4 poarten fan 'e stêd sjoen.
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes oer de flier rinne. Dy kommen út 'e hurddobbe wei.
Tseard van Dekken wie stille plysje yn Droegeham. Dy stuts Imke de gek oan. Doe hat Imke him dânsje litten.
Guon ha in toverboek. Alde Ritske Aeltsje hie ek ien, seinen se. Dy koe tsjoene. As se oan 'e iene kant fan 'e wyk stie to praten, wie se in sekonde letter oan 'e oare kant, sûnder dat der in brêge wie. Gjerte Iebel koe ek tsjoene.
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
Anne Herder hie in kroechje op it Wytfean. Dêr wie altyd in soad jongfolk út 'e Harkema. Anne Herder koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte.
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
Ymke de Jong koe minsken stil stean litte. Ik ha wol us heard dat er de plysje fan de Ham (Ts. v. Dekken) op Hamster merke stil stean litten hat.
nl.verhalenbank.21545
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
Imke de Jong koe in frommes, dat de wei lâns gong, sa mar neaken útklaeije litte. Hy koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.21422
Ymke de Jong siet yn Ljouwert yn 'e gefangenis, mar dêr koenen se him net yn hâlde. Hy gong samar troch de tichte doarren hinne.
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598
Hinse syn broer Habele lei op 'e Gerdyk bigroeven. Doe't Habele al in jier wei wie, gong Hinse nei syn graef ta. Dêr stie er to dânsjen as in wylden en rôp: Habele, kom der út! Kom der út, Habele! Hinse hat syn kunsten leard út it boek 'Het zwarte paard'.
nl.verhalenbank.16034
Imke de Jong woarde yn Ljouwert nei de gefangenis ta brocht. Sy treauwen him yn 'e sel. Mar wylst it gefangenispersoneel stie to sjen, roan Imke moai ta de poarte út. Der wie net in slot tsjin him bistand.
Minse Griper fan 'e Boelensloane koe in regimint soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Ek âlde roeken, ek wol oare dieren. Minse Griper uit Boelenslaan kan een regiment soldaatjes, roeken of andere dieren uit de haardkuil laten komen. tovenaar, soldaat (maken), roek (maken), regiment, verschijnen, toveren Minse Griper, Boelenslaan, Boelensloane
54