Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 results
Place of Narration: Boelenslaan
Fan sawn dochters is de jongste in nachtmerje. As der sawn jonges binne sit der yn 'e sawnde hwat mear as yn 'e oaren. De sawnde is mei de helm geboaren. Boomsma fan 'e Boelensloane wie sa'n ien. Hy hat ús sels wol forteld dat er oan 't tikjen fan 'e klok hearde dat der binne safolle dagen ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
nl.verhalenbank.36201
In nachtmerje, seit men wol, is ien fan sawn dochters, mar 't is ek wol us in ienlingsdochter. Sa'n ien hat my pleage. Ik koe har wol. Ik hearde har nachts oankommen. Sy roan op 'e teannen. Dan kom se nêst my en even letter siet se my op 'e hals. Hoe raer ik dan wie - ik koe neat sizze. Ik haw har forsward en doe hat se der noait wer west. Roggemoal...
nl.verhalenbank.17630
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf. In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen. In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
As der yn in húshâlding sawn dochters binne dan is ien fan dy famkes in nachtmerje, wurdt der altyd sein. Hynders ha in soad lêst fan nachtmerjes. It wienen famkes, dy gongen yn 'e nacht op 'e hynders sitten en dan rieden se der op. Dan woarde sa'n hynder stjerrend binaud en switte dat it hwat die. Us heit sei, dan moesten se in sichte boven sa'n hynder...
nl.verhalenbank.36054
Fan sawn famkes dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges, dy't op elkoar folgje is ien in wearwolf. Ien fan 'e famkes fan Wiger Hollander (=W. Veenstra) wie in nachtmerje seinen se altyd. (Wiger Hollander wenne op it Wytfean). Dy gong nachts fan 't bêd ôf en dan gong se de minsken op 't boarst sitten en dan knypte se dy minsken de hals...
nl.verhalenbank.32778
In nachtmerje is net altyd in frommeske. Ik en myn broer Ielke wienen yn Dútslân oan 't wurk. Der wie yn datselde hûs, dêr't wy yn 'e kost wienen, nòch in kostgonger. Dat wie neffens myn broer in nachtmerje. Ik en Ielke slepten byelkoar yn 't selde bêd. As wy in skoftsje lein hienen, sei Ielke: "Dy forrekte keardel!" "Hwat nou, jonge?" sei 'k. "Ik kin...
nl.verhalenbank.24458
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat. Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!" De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes. Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
Ik wie by mem en dy yn 'e hûs. Alle nachten hie ik hinder fan 'e nachtmerje. As ik op bêd lei hearde ik de bûthúsdoar súntsjes iepengean. Earst woarde de ring optild, dan hearde ik de klink fan 'e doar. As dan de nachtmerje oan 'e keammerkedoar ta wie, lei ik al yn ûnmacht. Op in kear nom ik my fêst foar, ik woe har nei. Ik hie de earm boven de tekkens en...
nl.verhalenbank.19594
Der hat is in boer west, dat wie in widner. Nachts kaem der faek in nachtmerje by him, mar doe gong er us in kear hinne op oanrieden fan in oar, dat hy lei in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd del. Doe koe de nachtmerje net wer fuortkomme. Hy hie har fangd. Doe't de boer de oare moarns wekker waerd, siet hja by de tafel. It wie in knap frommeske. De...
nl.verhalenbank.17640
Der wennen in lytsfeint en in greatfeint by in boer. De greatfeint sei tsjin 'e lytsfeint: "Hwat sjuchstû der min út, jong. Hwat bistû meger en gammel." De lytsfeint sei: "Ik yt oars goed. Mar nachts, dan ha 'k altyd in straf." "Hoedat sa?" frege de greatfeint. "Nachts komt de boerinne altyd by myn bêd en dan mat ik der altyd mei har op út. Alle nachten...
nl.verhalenbank.17731
Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe. Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de...
nl.verhalenbank.28282
31