Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
31 results
Place of Narration: Boelenslaan
Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Om der gjin lêst fan to krijen leinen se fleartokken foar 't bêd, of sy setten de klompen forkeard del of sy struiden moal op 't gesicht.
Fan 'e sawn dochters dy't op elkoar folgje is ien in nachtmerje. As mem de nachtmerje krige, sei se, hja hearde de rokken wol ritseljen. Dan foel der hwat op har del. Hwat rogge yn 'e klompen dwaen helpt, seinen se. Sy hongen ek wol flear foar 't bêd. (flearstokken)
Fan ien fan sawn dochters, dêr't net in soan tusken sit, is ien in nachtmerje of in tsjoenster. In nachtmerje komt faek troch 't kaeisgat. Japik Pander fan Houtigehage (ôfkomstich fan Harkema) fortelde, syn mem hie altyd sa'n lêst fan 'e nachtmerje. Yn 'e tiid doe't har man nei de klaei ta wie to sichtsjen wie se bang foar de nachten. "O heden, heden,"...
Ien fan sawn dochters is in nachtmerje. Wol men gjin hinder fan 'e nachtmerje ha, dan smyt men moal op 'e stuollen en foar 't bêd. Dan kinne se net by jin komme. Se hingje ek wol in fleartokke foar 't bêd.
Myn omke sette altyd de klompen omkeard foar de bêdsdoarkes del. Dêr koed er de nachtmerje mei keare, sei er.
Hat men lêst fan in nachtmerje, dan in wiete dweil foar 't bêd lizze.
Fan ien fan 'e sawn dochters is de âldste of de jongste in nachtmerje.
Fan sawn famkes is ien in nachtmerje. Fan sawn jonges is ien in wjerwolf. Us mem plichte to sizzen: Dû mast net sa gulzich ite, dû koest wol in wjerwolf wêze. Men seit ek: frette as in wjerwolf.
In nachtmerje is in frommeske. Hja komt troch 't slotsgat. De minsken setten de toffels mei de hakken tsjin 't bêdsket oan, dan hienen se der gjin lêst fan, woarde der sein.
In nachtmerje komt nachts by jin op bêd. 't Is in frommeske. Men mat in hoasbân foar de bêdsplanke lizze en de toffels achterstefoar foar 't bêd sette, dan dogge se jin neat. Sy komme ta 't slotsgat yn 'e hûs.
Us heit hat faek lêst hawn fan nachtmerjes. "Ik ha wol sa faek prebearre ien to fangen", sei er. "Dan lei 'k klear. Dan sei 'k by my sels: - As der nou aenst ien komt, dan sil 'k har pakke. Dan ûntkomt se my net." Mar hy hat noait ien fange kind.
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
Brant Veenstra hie altyd in soad lêst fan nachtmerjes. Hy fornom de nachtmerje oankommen. Earst kom er op syn fuotten, dan klom er al heger en heger en op 't lêst knypte er him de strotte ticht. Dan wied er deabinaud. Mar hy hat de nachtmerje noait in kear sjoen, sei er.
nl.verhalenbank.17589
Mem hat alris in nachtmerje by har op bêd hawn. Dy prebearre har op 'e rêch to krijen. Mar doe hie mem har mei beide hannen beetkrige, mar se wie har samar út 'e hannen weigliden, sy wie sa glêd as in iel.
De minsken hienen froeger faek lêst fan nachtmerjes. In nachtmerje siet krúst op jins liif, mei 't gesicht flak by jin. De nachtmerje kom yn 'e gedaente fan in man by in frou en yn 'e gedaente fan in frou by in man.
Wol men gjin lêst fan in nachtmerje ha, dan mat men de klompen ûnrjocht foar 't bêd sette.
De frou har beppe hat ek us in nachtmerje by har hawn. Der kom hwat op har. Hja wachte even, gong op 'e rêch lizzen en pakte ta. Hwat stiver hja de hân taknypte, hwat flugger de nachtmerje fuortglide.
De nachmerje wie sa glêd as in iel. Op in kear sprong in nachtmerje in man op 't liif. De man pakte de nachtmerje, mar hy glied him as in iel troch de hannen.
By de achterdoar fan 't bûthûs hienen de boeren duveldrek ûnder 'e drompels. Dat wie foar de hynders om 'e nachtmerjes to kearen.
nl.verhalenbank.21549
Fan sawn dochters is de jongste in nachtmerje. As der sawn jonges binne sit der yn 'e sawnde hwat mear as yn 'e oaren. De sawnde is mei de helm geboaren. Boomsma fan 'e Boelensloane wie sa'n ien. Hy hat ús sels wol forteld dat er oan 't tikjen fan 'e klok hearde dat der binne safolle dagen ien nei 't hôf ta brocht wurde soe.
nl.verhalenbank.36201
31