Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: meisje Place of Narration: Boelenslaan
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
Egbert Hoekstra hie nei de faem ta west op 't Fean. Werom hie der in grouwe swarte houn west op it earste eintsje fan 't Blauhûs nei Boelensloane. Dy hie al mar njonken him roan. Hy sei: "Ik kom dêr noait wer lâns."
nl.verhalenbank.24380
Tichte by de Liuwepoel yn 'e Harkema wenne in sekere Alma. Ik leau dat it in Fokke Alma wie. Ien fan 'e Langewyk - in neef fan my - gong dêr ris hinne to jounpraten. Doe sei dy Alma tsjin him: "Och God, man, doarre jo hjir del? Dêr is altyd in neaken fanke, dy komt út 'e poel wei."
nl.verhalenbank.28141
Oan 'e kant fan 'e Blaudobbe yn 'e Houtigehage binne troch minsken twa famkes sjoen mei reade skelkjes foar. Dy minsken wienen bang, dat dat op foartjirmerij tsjutte, hwant yn werklikheit wienen dy famkes der net. De lju pasten op, dat har bern net to ticht by de Blaudobbe kamen.
nl.verhalenbank.17636
Om 1800 hinne wenne der op 'e Boelensloane in famke, dat hie har mem forlern. Dat famke hie it dêr sa bot mei to krijen, dat sy die elke dei de winsk, sy woe har mem wer sjen. Doe op in joun hearde hja sljurkjende fuotstappen foar it hûs. Sy harke en it hart sloech har der fan hwant it wienen har memme fuotstappen. En doe seach se mei eigen egen har mem...
nl.verhalenbank.17638
Op 'e Bulten yn 'e Klontsjebuorren yn 'e Harkema hie myn swager Piter op in joun syn faem krekt nei hûs ta brocht. (Piter Rauwerda; syn wiif Saek is myn suster). Doe't er weromkom seach er in hiel great wyt frommes. Dêr woarde hy sa bang foar, dat hy kom mei barstengewelt yn 'e hûs stouwen, mei de klompen noch oan. Dat spoek hie by de dyk lâns roan....
nl.verhalenbank.28279
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
7