Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: angst Place of Narration: Boelenslaan
By 't Knillisdjip, net sa fier fan Strobos ôf, stie, oan 'e noardkant in hiel moai húske, mar dêr koe net in minske yn wenje. Dêr spûke it altyd.
nl.verhalenbank.25299
Yn 'e skuorre fan Jan Dijkhuis tusken Zoutkamp en Ulrum wie it net plús. Dêr spoeke it. Dêr doarst gjin minske yn to sliepen.
nl.verhalenbank.17679
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede. Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer. "Hwat nou?" sei 'k. "Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat." Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen. Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet. "It spûket hjir, hè?"...
nl.verhalenbank.24904
By de Bearnedaem spûket in wyt barchje. Dat rint dêr jouns altyd. Forskeidene minsken doarsten dêr froeger jouns net lâns.
nl.verhalenbank.25654
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
De Skeanpaden rinne fan Houtigehage nei de Rottefalle. Dêr spûke altyd in wyt hynder, dêr wienen wy tige bang foar
nl.verhalenbank.17699
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Heit syn heit dat wie greate Anders. Dat wie in keardel as in beam en hy wie sa sterk as in hynder. Hy wenne op 'e Boelensloane. Hy hie in wyfke, dat wie Aeltsje, in ding fan niks. Dêr wie er deabinaud foar. As se in bytsje ûngenoegen hienen, dan wie beppe lulk op him en mocht er net op bêd. Dan siet er op 'e plaet en song himsels yn 'e sliep. As er oan...
nl.verhalenbank.24452
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei...
nl.verhalenbank.24445
9