Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
By 't Spoekereedtsje oan 'e Folgerster loane spoeke altyd in dikke houn.
nl.verhalenbank.25257
Op 'e Mûzegroppe-wei, sa wurdt der sein, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals, dêr't in sleef yn sit.
Yn Hurdegaryp is in homeije, dêr giet de hikke altyd samar fansels fan iepen. Net ien wit hoe't dat komt.
nl.verhalenbank.25489
By 't Knillisdjip, net sa fier fan Strobos ôf, stie, oan 'e noardkant in hiel moai húske, mar dêr koe net in minske yn wenje. Dêr spûke it altyd.
Yn Zuurdijk by Leens wie èk in skuorre dêr't it yn spûke. As wy dêr nachts leinen, dan bigong alles dêr to skodzjen en dan bigong de tsjernmoune út himsels to draeijen. Guon fan 'e arbeiders sprongen dan wol op 'e tsjernmoune. Mar dan koenen se der noait wer ôfkomme, hwant hy draeide troch.
To Hurdegaryp by Bennema-state koenen se nachts de hekken noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.32244
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy koenen se net sa fêst meitsje dat er ticht bliuwe koe. 't Wie in izeren homeije, hy stie altyd iepen.
It izeren hek by it slot to Hurdegaryp kinne se net ticht hâlde.
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech.
In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
Yn Grinslân binne boerepleatsen, dêr doocht it net.
Yn bipaelde gollen mocht it folk net sliepe. Ik ha 't wol mei bileefd, dat de skuon of de klompen de oare deis in hiel ein fierder leinen. En soms hearden wy hiel dúdlik dat der yn klompen oer de skuorrereed stapt woarde.
Ek rollen der soms weinen yn 'e nacht om.
Wy ha us op 'e klaei yn Grinslân oan 't wurk west. Dat wie fuort by Leens. Wy slepten by de boer yn 't lytshûs, hwant yn 'e skuorre koenen wy net wêze. Dêr spoeke it. Ien kear, yn 'e nacht ha 'k it sjoen, mei noch in pear oaren. Der stie in hege gedaente yn 'e skuorre. Fan kleare binaudens binne wy werom roan.
Se seinen froeger altyd, der roan op 'e Boelensloane in fôlle om mei in greate brijpot om 'e nekke hinne.
Op it lêste ein fan 'e Boelensloane stie in hulzenbeamke, dêr spoeke it altyd. Faek ha se dêr in grouwe houn sjoen. Letter, doe't se dat hulzenbeamke dêr wei helle ha, wie 't mei 't spûkjen ôfroun.
Yn 'e skuorre fan Jan Dijkhuis tusken Zoutkamp en Ulrum wie it net plús. Dêr spoeke it. Dêr doarst gjin minske yn to sliepen.
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
Op 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, roan in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
Op 'e ein fan 'e Boelensloane, tichte by 't Blauhûs, wie froeger in paed mei houtsjes. Dêr spûke it altyd.
In soad minsken ha dêr hwat sjoen. Dêr kom samar in hiele greate man út 'e sleat wei stappen mei wol sokke egen yn 'e holle (as thékopkes). Dy roan gewoan mei de minsken op en dan wie er ek samar ynienen wer wei. Ek wolris dat der in baerch mei har...
Us buorman, doe't dy noch jong wie, wenne by de boer as feint. By dy boer gongen presys tolve ûre de skuorredoarren iepen. De boer, de arbeiders en de jonges gongen der út om to sjen hwat it wie, mar der wie neat.
De oare nachts wie it wèr. It gong nacht op nacht. Hoe lang as dat oanhâlden hat, wyt ik net.
Wy wenje hjir op it Wyldfjild by de Trije Roede.
Us famke kom us in kear thús, alhiel oerstjûr. 't Wie yn 1958. Sy trille der oer.
"Hwat nou?" sei 'k.
"Heit," sei se, "der leit in hiel dik swart ding yn 'e sleat."
Ik ha der hinne west to sjen, mar 'k ha neat sjoen.
Letter praette ik der oer mei Kees Bijma, dy't hjir tichte by wennet.
"It spûket hjir, hè?"...
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783