Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
112 results
Place of Narration: Boelenslaan
Heit wie ek in raren ien. Op in kear doe siet er yn 'e parrebeam. Doe seach er syn mem oankommen, hoewol dy al jierren dea wie. Hy sei: "Hwat dogge jimme hjir. Jimme matte dêr wer hinne gean, dêr't jimme weikom binne." Doe wie syn mem wer fuort gong.
nl.verhalenbank.21537
Oan it lêste eintsje fan 'e Boelensloane, tichte by it Blauhûs dêr spûken altyd in keal en in swarte houn. Gong dêr ien lâns, dan roan dy houn in ein mei. As er in ein mei roan hie, bleau er stean en gong werom.
nl.verhalenbank.28315
Heit hie nei de faem ta west yn Surhústerfean. Doe't er by 't Blauhûs wie, sahwat by de plaets fan Poppinga, oan 'e wei nei Boelensloane, kaem der him in swart ding tomjitte, dat him foarbysweefde. It bleau by him yn 'e buert. It wie in great swart ding. Hwàt it wie koed er net sjen. Heit hat it faek forteld.
nl.verhalenbank.17330
Hindrik Kooistra fan Boelensloane soe nei de boer ta, dy wenne op it Fean. Doe't er sahwat oan 't Blauhûs ta wie, oan 'e oare kant Sierd Pool, gong der ien njonken him yn 't wyt, dy sweefde sahwat. Hindrik sei "Morgen", mar dyselde hie neat werom sein. Doe waerd Hindrik bang en makke hurd dat er by de boer kaem. Dat wie Wytse van der Lei, dy fortelde hy...
nl.verhalenbank.17326
Alde Ritske van der Meer hat my ris forteld, der wie him ris in keardel yn 'e mjitte kaem mei in hege hoed op en in lyts hountsje by him. Dy gong flak foar him stean en woe net út it sté gean. It wie in skynsel. Ritske wie hurd útnaeid.
nl.verhalenbank.17332
By 't Spûkeloantsje oan 'e Folgersterwei wie froeger in hountsje, dat kom by de minsken dy't dêr lâns gongen en dat roan stiif tsjin harren oan, oan 'e side, ûnder 'e earm lâns. Dat koenen se net wer kwyt wurde. It wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.28138
Wy ha in bernsberntsje forlern. Op it plak dêr't syn bernewein gewoanlik stie, hat in houn fan to foaren stien to spûkgûlen. 't Wie ien fan in soan fan my.
nl.verhalenbank.17726
Wy wennen op Readskuorre. Wy koenen de Skeanpaden lâns nei de Hamsterheide, mar dat mochten wy net fan ús mem, hwant it spoeke op 'e houtsjes. De Achterwei mochten wy ek net del, hwant dêr siet altyd in lyts keardeltsje op 'e leider, seinen se. Dêr spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17595
Yn 'e Harkema is us ien bigroeven woarn mei in to lang lykkleed. Letter kom er werom by syn folk. Dan sei er: "To lang."
nl.verhalenbank.21552
Melle van Dekken seach oan 'e Trije Roede by in hjouwerfjild in wyt spoek. Dat gong stadich omheech en sweefde oer de hjouwer hinne en sa rekke it út it gesicht wei.
nl.verhalenbank.25656
Der gong yn 'e nacht altyd in frou mei in bolkoer yn 'e earm nei de Lytse Wei ta. Der woarde se dan wei. 't Wie in spoek. Timen van der Veen hat har ûnder mear sjoen.
nl.verhalenbank.21212
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd fansels iepen. Der ha wol guon by west om op to passen, mar se koenen him net tichthâlde.
nl.verhalenbank.37855
Tichte by de Liuwepoel yn 'e Harkema wenne in sekere Alma. Ik leau dat it in Fokke Alma wie. Ien fan 'e Langewyk - in neef fan my - gong dêr ris hinne to jounpraten. Doe sei dy Alma tsjin him: "Och God, man, doarre jo hjir del? Dêr is altyd in neaken fanke, dy komt út 'e poel wei."
nl.verhalenbank.28141
As der ekstergeskatter om 'e doar is bitsjut dat meastal in deade. As de hounen spûkgûle, komt der ek in lyk.
nl.verhalenbank.37842
As in houn spûkgûlt krijt men in sterfgefal. As der in hoop roeken of eksters op 't hiem komme, ek.
nl.verhalenbank.25658
Yn Hurdegaryp is in homeije, dêr giet de hikke altyd samar fansels fan iepen. Net ien wit hoe't dat komt.
nl.verhalenbank.25489
By 't Knillisdjip, net sa fier fan Strobos ôf, stie, oan 'e noardkant in hiel moai húske, mar dêr koe net in minske yn wenje. Dêr spûke it altyd.
nl.verhalenbank.25299
Wy hawwe yn 'e Strobosker Mieden wenne. Dêr wie in buorfrou, dy soe us in kear in ammerfol wetter út 'e sleat helje, doe seach se har eigen geest yn 'e sleat. Hja hat noait wer wetter út 'e sleat helje doarst.
nl.verhalenbank.23934
Yn 'e Harkema binne yn 'e Bosk fjouwer berntsjes yn in hûs forbrând. Sûnt spûkje dy berntsjes dêr altyd om.
nl.verhalenbank.28280
Der wienen bûthuzen, dêr doogde it net, dêr spûke it, faek op in bipaeld plak. In koe koe dêr noait fêst bliuwe, dy rekke altyd los, samar fansels; dat gebeurde yn 'e nacht. Dat is yn 'e Kompenije wol gebeurd.
nl.verhalenbank.36096
113