Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: rust Place of Narration: Boelenslaan
Der wie in frou, dy hie har soan hwat biloofd. Mar doe rekke se der ôf en de soan hie it net krige. Doe krige dat minske gjin rêst yn 't graef. Letter spûke se altyd by him.
nl.verhalenbank.36203
Hjir flak by stie in hûs, dat wie al in pear kear opbrând. De lêste kear wie der fé mei yn forbrând. Dêr joegen se ien de skuld fan. Yn dat hûs doogde it letter net. Der stie jouns in man neaken yn 'e hoeke fan 'e keamer. Sy wolle wol ha dat dat dyselde wie dy't it spul opbrând hie en dat er dêrtroch gjin rêst krije koe. Dy wie doe al dea. De minsken dy't...
nl.verhalenbank.24443
As ien net goed bihandele wurdt en hy komt to forstjerren dan krijt er gjin rêst en dan dwelmet er om en komt werom by de minsken dy't him min bihandele ha.
nl.verhalenbank.28520
Yn 'e Houtigehage wie us ien stoarn, dy kom nei de dea hyltyd wer. Doe ha se in dûmny ophelle dy't dyselde forstoarne oansprutsen hat. De dûmny frege hwat syn bigearte wie. Doe sei er, hy hie gjin deaklean meikrige doe't er stoarn wie. Doe ha de minsken op oanrieden fan 'e dûmny op in joun deaklean foar him op 'e tafel lein. Dy nachts kom de forstoarne en...
nl.verhalenbank.17735
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Sy hie dêr net in bêst plak en woarde och sa min bihandele. Dy faem woarde siik en stoar. De boer hâldde it guod fan 'e faem. Doe gebeurde it, dat dy faem alle nachten by de tsjernmoune kom en dêr leven makke. Hja kom dêr om har guod. Doe ha de boer en de frou har guod by elkoar pakt en yn in sek dien en dy op in joun...
nl.verhalenbank.28335
Gerke Veenstra wie in forwoest man. Syn earste frou wie dea. Doe troude er wer. Willemke hiet syn twadde wiif. As er jouns by syn wiif op bêd lei, hearde er hiel dúdlik klopjen op it bêdsbuordtsje. Syn wiif hearde it net, hy allinne. It wie syn earste frou, dy't kloppe. Hy hie har net sa moai bihandele. It klopjen bigong altyd krekt om deselde tiid. Doe...
nl.verhalenbank.28334
To Westerhorn yn Grinslân stie in boereplaets dwars by de wei lâns. Dêr yn dy plaets wie 't net plús. It spûke dêr alle nachten. Twa geasten dwaelden dêr om en de boer, dy't op dy plaets wenne hie dêr in great hekel oan. Hy koe der min oer. Hy sei tsjin syn buorman: "Ik ha sa'n lêst fan dy spûkerij, wytstû dêr ek ried op?" Hy wist dat dy buorman gjin...
nl.verhalenbank.17637
7