Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: plaagbeest Place of Narration: Boelenslaan
Oan 'e Folgersterloane is in sydweike, tichte by de Noarderdwarsfeart. Dêr spoeke froeger in grouwe swarte houn. 't Wie in pleachbeest. Dat wie oan 't spoekeloantsje.
nl.verhalenbank.27261
By 't Blauhûs roan in pleachbeest. 't Wie krekt in grouwe houn. Net ien doarst dêr jouns allinne lâns.
nl.verhalenbank.32419
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Fan 't Blauhûs oan 'e plaets fan Sierd Pool ta dêr spoeke ek in hiele dikke, swarte houn. In soad minsken ha him sjoen. Dat wie ek in pleachbeest. As de minsken oer de side seagen, woarden se de sleat yn goaid. Sy moesten stil foar har útsjen.
nl.verhalenbank.27262
By 't Spûkeloantsje oan 'e Folgersterwei wie froeger in hountsje, dat kom by de minsken dy't dêr lâns gongen en dat roan stiif tsjin harren oan, oan 'e side, ûnder 'e earm lâns. Dat koenen se net wer kwyt wurde. It wie in pleachbeest.
nl.verhalenbank.28138
Myn broer kom ris op in nacht mei moai ljochtmoannewaer fan in feestlike forgadering fan 'e muzykforiening fan 'e Rottefalle. Wy wennen doe yn Drachtster Kompenije. It wie nei tolven. Hy wie op 'e fyts en hie de karbydlantearne oan. Hy gong in binnenpaedtsje del dat nei de Fjouwerroede tagong. 't Wie in smel paedtsje fan sahwat in meter breedte. De...
nl.verhalenbank.36053
6