Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Boelenslaan
Us heit (Thomas Bruining) hat de duvel sjoen. Hy hat yn 'e gedaente fan in bok by ús heit foar 't bêd stien. Hy seach heit lyk oan, mar hy die heit neat. Heit bleau standfêstich en sei: "Satan, wijk van mij" en "Here, kom bij mij." En de bok is fuort gien.
nl.verhalenbank.17728
Op 'e merk wie froeger altyd in tinte mei in swarte spegel. Men seach dêryn in frommes. Dat wie dan deselde dêr't men letter mei trouwe soe. Of de duvel, dêr't men jin oan forkeapje soe. Of in deakiste. Dan soe dyselde net trouwe.
nl.verhalenbank.21554
Yn 'e Grinzer Pein wenne Sweitse Stopjern. Dy hie in hounekarre mei twa hounen derfoar. Op in kear doe wie er tichte by de Juliana-buert, doe woenen de hounen ynienen net fierder. Se wienen deabinaud en gongen jankend foar de karre lizzen. De beesten seagen grif hwat, mar Sweitse seach neat. Doe't de dieren dêr sa in skoftsje lein hienen kamen se wer...
nl.verhalenbank.37766
Ik haw us heard fan twa, dy hienen in man rinnen sjoen troch 't sân. Doe't se yn 't sân seagen wienen dat houneleasten. Hoe kin dat? Hat dy man hounepoaten hawn?
nl.verhalenbank.21559
Wy sieten us in kear op 'e Langewyk mei in keppeltsje Harkema's yn 'e kroech. It wienen rûge mannen. Sy seinen tsjin my: "Dû giest mei." Sy nommen my mei de kant nei de Harkema út en ik forsette my net. Wibe Alma wie der ek by. Dy woarde samar opnom en yn 'e wyk smiten. Wibe krûpte der wer út en sei: "Hwa duvel hat my dat lapt?" Wer in lyts eintsje...
nl.verhalenbank.25509
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
Twa mannen wienen to murdejeijen. Mar sy fangden dy nachts neat. Doe seach de iene hwat. "Duvel Jan," sei er, "hwat is dat in moai murdtsje." Mar hwer wienen de hounen? Hja fluiten, mar de hounen kamen net. De hounen wienen binaud. Doe sei Jan: "It komt, sa't it komt, mar as de hounen dat bist net oandoarre, dan rêd ik der mei." En doe rekke er mei dat...
nl.verhalenbank.17639
7