Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Boelenslaan
Piter Claus wenne oan 'e Spekloane. Hy wie in soarte fan wonderdokter. Hy brûkte homopathyske middeltsjes. Mar ik hie der great respekt foar. Hwat hat dy man in soad lju genezen, fral bern. Wy ha froeger noait in dokter brûkt. Wy gongen altyd mar nei Piter Claus en dy makke ús wer better. Piter Claus fortelde ris, hy en syn soan Halbe moesten ris...
nl.verhalenbank.24454
Frânse Hinke mastere ek mei fé. Sy kommen withoefier wei, alhiel út Grinslân om rie.
nl.verhalenbank.23763
Sytse Frouk wenne op Feansterheide. Hja woarde siik. Hja tochten, se kin wolris bitsjoend wêze en doe seagen se de ynhâld fan 't holkessen nei. Ja, hear, dêr kaem in krâns út. Doe binne se nei de duvelbander ta gong. Dy joech in drankje mei. Hy sei, hja moesten de krâns forbrânne, mar goed oppasse dat alles sekuer ticht wie; elk gatsje moest tichtstoppe...
nl.verhalenbank.37780
Myn pake wenne njonken Hinse Jehannes de Boer op it Swartfean. Bareld Nieuwenhuis hie in koe, dêr mastere jonge Jan syn heit fan it Wytfean mei. Mar hy krige de koe net better. It beest gong achterút. De koe wie mei it koartfûlens stean bleaun. Pake sei tsjin Bareld: Gean mei in topke hier fan 'e koe nei Hinse ta, dy is in protte mâns by 't fé. Doe die...
nl.verhalenbank.15912
Myn frou moest beppe sizze tsjin Frânse Hinke út 'e Rottefalle. Der kommen us guon by har út 'e Harkema. Dy hienen in bern meinom, dat siik wie. Hinke sei: "Jimme binne hjir mei in levend bern kom, mar jimme komme der net levendich wer mei thús." En sa wie 't ek. Op 'e weromreis stoar it bern wylst de mem it op 'e earms droech.
nl.verhalenbank.23761
Hinke har omke wie Gjalt, dy hie in frou, dat wie in Ingel. Ingel wie siik en sy masteren mei Frânse Hinke. Mar Hinke koe har net better krije. Ingel stoar. Doe gong it praetsje, dat Frânse Hinke hie har forjown. Sy wie forgiftige troch har, seinen se. De dei dat Ingel begroeven wurde soe kom der in telegram, dat sy moesten de kiste stean litte. It lyk...
nl.verhalenbank.23762
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net. Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje. Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol...
nl.verhalenbank.15913
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west. Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Der wie in boer, dy hie in jonkje. Dat jonkje rekke siik. Sy wennen midden yn 'e heide. Doe gong dy boer nei de duvelbander ta. Dy nom er mei en de duvelbander makke it bern wer better. Letter kom der in tiid fan krapte. De duvelbander hie neat mear to iten. Doe gong er nei dy boer ta om ierpels. Mar hy koe gjin krije. De boer krige nòch in jonkje, en dat...
nl.verhalenbank.25499
Heit syn suster wenne by 't Dwarsdjip yn in spitkeet. Auke-om dat wie har man. Sy hienen in dochter, dat wie Jantsje, dy wie hyltyd sa binaud. Heit sei tsjin Auke-om: "Sil 'k dy sizze, wy matte foar Jantsje nei Frânse Hinke ta." Heit en Auke-om gongen nei Rottefalle mei in himdtsje fan 't bern. Hinke frege: "Hat it famke dêr en dêr ek hwat hawn? Hat se...
nl.verhalenbank.24447
11