Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: straf Place of Narration: Boelenslaan
By Jan de Vries, dy't njonken ús wennet, wie 't froeger altyd o sa roerich yn 'e hûs. Allegear great-jonges, dy't sterke wurden brûkten. It gong der soms allerheislikst oan wei by har yn 'e hûs. Mar doe stie der op in joun samar ien achter de tafel. 't Wie in manspersoan. Hy steunde mei beide hannen op 'e tafel en hie in krûm pypke yn 'e mûle. Ien hûsside...
nl.verhalenbank.28333
Kuke Ruerd (van der Veen) kom op in joun fan 't timmerjen. Hy moest de Skeanpaden oer nei de Harkema. Dêr leinen allegear houtsjes oer de sleatten. Doe't Ruerd oer ien fan dy houtsjes soe, woarde er op 'e kop yn 'e sleat goaid. Ruerd wie in raer man, it koe him neat skele hwat er sei. Dêrom hie de duvel him pakt.
nl.verhalenbank.28091
Yn 'e Boelensloane wenne in man, dy 't altyd kaertspile, nachts en deis. Op in nacht krige er sa 'n wân op 'e hûd, dat hy raesde it út. Doe woarde er yn 'e feart smiten. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. De man doarst yn 't earstoan net bûten to kommen.
nl.verhalenbank.17398
Yn 'e Harkema wenne in man dy sei: "As der in duvel is, dan wol 'k him wolris sjen." En doe flokte er hiel bot. Even letter kom de duvel en smiet him in hiel ein fuort.
nl.verhalenbank.28134
Rinse de Wind flokte in hiele dei troch. Nachts wie er deabinaud. Hy is ris in kear fan 'e wei ôf smiten woarn. Sytse Jager wie ek sa binaud nachts. Dy doarst net by nacht allinne bûtendoar. It wie in minnen-ien, in ûnminske. Hy forwinske alles en flokte as in ketter. Hy is op in kear troch de duvel oer in dyk smiten woarn op it eintsje wei fan Rienk...
nl.verhalenbank.32225
Yn 'e Harkema wennet Wibe Hut (= W. Alma). Dy siet in kear yn 'e kroech op it Jachtfjild. Hy wie dronken en brûkte in soad flokwurden. As der in God wie, sei er, dan woed er him wol us sjen. Doe't er bûten wie, en nei hûs ta soe, woarde er samar opnom en oer de beammen hinne smiten.
nl.verhalenbank.32420
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
7