Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: kwaad Place of Narration: Boelenslaan
Hjir wenne in man dy wie ris by nacht op in paed. Doe kom der in grouwe, swarte houn by him, dy woarde stadichoan greater. Dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.36188
Yn Hurdegaryp stie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Dy gong altyd fansels wer iepen. Mar ienkear hat IJe Wykstra dy hekke de hiele nacht ticht hâlden. Dy hat der doe by wekke. De kweade machten ha doe net by IJe komme doarst.
nl.verhalenbank.28285
Alde Hindrik IJe (Jehannes potkarre syn skoanheit) wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema. Dy roan mei 't pak. Hy hie in fluwielen sek op 'e rêch, dy wie mei koarden ticht strûpt. Hy wie in greate foarse keardel. Op in joun soed er nei hûs ta. Hy wie sahwat oan 'e Staetsskoalle ta dêr't de Singel bigjint. Doe stie dêr oan 'e kant fan 'e hage in keardel....
nl.verhalenbank.21215
Op in joun kom myn wiif Brecht de kant fan Kromelle út wei. Hja kom by de doomny wei, hja hie bilidenis dien. De bilidenisplaet hie se ûnder 'e earm. Doe't se oan 't Bouwekleaster ta wie, dêr't in lantearne brânde, seach se hwat oankommen. 't Wie swart. 't Hie de gedaente fan in minske. Mar 't wìe nèt in minske, dat koe se wol sjen. Hja tocht: nou mat ik...
nl.verhalenbank.21202
Der hie by Jehannes Hinses in boer west fan Grinslân. Dy hie sein: Ik bin forlegen mei myn fé. Sa en sa. De man wie widner. It fé wie alris earder siik west en nóu wie 't noch slimmer. "Sjoch," sei er tsjin Jehannes Hinses, "'k ha hier fan 'e kij meinom." Jehannes Hinses biseach it. "Nou," sei er, "dìzze kou mast mar ris hwat koekjes jaen, dy wurdt...
nl.verhalenbank.24704
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels. Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet. Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219
Heit en mem (Thomas en Klare) stienen froeger faek mei in kream op 'e merken. Op in kear doe wienen se op 'e weromreis hjir hinne. Sy hienen alles op in karre laden en dêr roannen fjouwer hounen foar. Doe't se oan dizz' kant Eastemar wienen, woarde de karre mei alle hebben en houden, mei de hounen der by samar fan 'e wei tild oer beammen en alles hinne en...
nl.verhalenbank.17658
7