Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: bed Place of Narration: Boelenslaan
In muoike fan my, dat wie in healsuster fan Hindrik-om. (Hindrik Ophuis). Sy lei in kear op bêd, doe siet de duvel by har op it bêdsbuordtsje. "Né, Satan," sei se, "dû kinst my net krije, hwant ik wurd net loslitten fan de Heare."
nl.verhalenbank.17597
Us heit (Thomas Bruining) hat de duvel sjoen. Hy hat yn 'e gedaente fan in bok by ús heit foar 't bêd stien. Hy seach heit lyk oan, mar hy die heit neat. Heit bleau standfêstich en sei: "Satan, wijk van mij" en "Here, kom bij mij." En de bok is fuort gien.
nl.verhalenbank.17728
Doe't ús mem yn 'e Westerein wenne, wie der in âld man by har yn 'e kost. Dy moest der nachts faek ôf. Dan moest er in lykstaesje sjen. Hy wie al sa âld en sa minnichjes, dat hy koe hast net mear út bêd wei komme. "O Klare, Klare," sei er dan, "ik mat wer fuort." Dan stie er op syn skonken to triljen. Hy woarde dan oer hagen en oer hekken hinne smiten om...
nl.verhalenbank.17723
Alde Lútsen wie de heit fan Antsje Rinkelbel. Hy wenne oan 'e Fjouwer Roede. Sy neamden him ornaris Rinkelsma, omdat er jouns wol us op 'e harmoanika spile en dan song er dêr altyd in ferske by dat gong oer in sekere Rinkelsma. Hy hie in synbult op 'e rêch sitten sa great wol as in fuotbal. En ûnder 'e earm hied er ek sa'n greate bult. 't Wie in raren...
nl.verhalenbank.25483
Sytse Jager wenne yn 'e Smoarhoeke. Hy wie ien fan 'e jonges fan Hindrik en Trui. Hy wie doe noch frijgesel en wenne by syn âlden yn. Op in kear kom er midden yn 'e nacht thús. By harren achter hûs wie de sleat krekt slatte. De slatswâl stie der noch. Doe seach Sytse dêr op 'e slatswâl in dikke wite geit omdânsjen. Dy sprong al mar hinne en wer, en dat yn...
nl.verhalenbank.21204
De nachtmerje is in frommeske. Om gjin hinder to hawwen woarden de klompen omkeard foar 't bêd set. Mar dat hat my noait hwat jown. Se dienen ek duveldrek ûnder 'e drompel. Ek struiden se moal op 'e stoel foar 't bêd.
nl.verhalenbank.19595
De twa stiennen ûlebuorden Sa wenne der in boer tusken Warten en Wergea, dy hie in hiel âld plaats. Mar in sekere joun giet er fuort en dêr kaem in dikke stoarm op. En hy wie moai oan't wanneljen en dêr komt him in swart hearskip yn 'e mjitte. Doe sei dy: Hwat binne jo ûnrêstich! - Ja, sei er, ik ha in hiele âld plaats en dy plaats kin ris omwaeije. Doe...
nl.verhalenbank.10851
Lútsen Rinkelsma wie oan 't baggeljen. It wie net in bêsten ien. Hy sliepte yn 'e keet. Nachts woardde hy út bêd wei helle troch in man. Dat wie de kweade. Hy woardde troch de baggelgatten jage en smiten en hy koe him de kiezzen wol yn 'e bek telle. En hy hie sels oan elke hier in switdrip. It is my 52 jier lyn forteld. Ik wie doe 13 jier.
nl.verhalenbank.32401
Ien fan 'e sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje, ien fan 'e sawn soannen in wjerwolf. In nachtmerje, sizze se wol, is in soart dier, dat de minsken nachts op bêd pleaget. Froeger dienen se duveldrek ûnder 'e drompel om der gjin lêst fan to hawwen. In wjerwolf is ek in soart dier.
nl.verhalenbank.21411
9