138 results
Place of Narration: Boelenslaan
Guon dy't in wikseldaelder hienen wienen oan 'e duvel forkocht. Sa'n wikseldaelder gong noait oan ein, dy rekke net op. Hy groeide altyd fansels wer oan. As sokken dea gongen, wienen se foar de duvel.
nl.verhalenbank.25486
Guon dy't in wikseldaelder ha sitte noait sûnder jild. Om in wikseldaelder to krijen matte se har earst oan 'e duvel forkeapje.
nl.verhalenbank.32782
Frijmetselers ha harsels oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.32784
Yn Grinzer Pein wenne in sekere Albert, dy leefde fan 'e handel. Mar hy hie noait sinten. De gong er op in joun mei in swarte kat nei 't tsjerkhôf ta en sei: "Wie koopt mijn poesje?" Doe hied er in wikseldaelder krige. Doe woarde er ryk. Mar letter doarst er noait wer bûtendoar, as 't skimerjoun woarde. Dan siet er altyd thús. Dan wied er bang foar de...
nl.verhalenbank.25501
Us buorman Gosse die noait in slach en doch hied er altyd wol jild. Hy libbe sa'n fjirtich jier lyn. De minsken seinen, hy hie him oan 'e duvel forkocht. As er forlet fan sinten hie hinge er jouns in potsje bûten oan 'e doar. Dan wie 't de oare deis fol.
nl.verhalenbank.25485
Hjir wenne in man dy wie ris by nacht op in paed. Doe kom der in grouwe, swarte houn by him, dy woarde stadichoan greater. Dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.36188
Frijmitselers binne kûgelfrij. Dy binne oan 'e duvel forkocht en ha noait forlet fan jild. Mar sy stjerre in rare dea.
nl.verhalenbank.36207
De duvel siet froeger by 't kaertspyljen. De duvel siet yn 'e kaert en dy kom der dan út as de kaerten brûkt woarden.
nl.verhalenbank.36208
Alde Lútsen wie in rûch man. Hy wenne by de Fjouwer Roede. Hy hie in hiele grouwe buchel op 'e rêch. Dat wie allegear synwetter. (in synbult) Dokter Hemminga fan 't Surhústerfean woe him foar in goune dy bult weinimme. Mar dat woe Lútsen net. Hy sei: "Sjoch us even, dizze is my mear as in daelder wurdich. Hwant as ik dizze kwyt bin, dan krij ik de klappen...
nl.verhalenbank.25305
Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.
nl.verhalenbank.37850
Sipke Alberts wie in great fékoopman. Mar dat hat er net altyd west. Yn froeger tiden siet er krap by kas. Hy hie in greate húshâlding en werke woe er net. Hy slachte wrak fé en dat sutele er dan út. It gebeurde us dat er yn in dronken bui, doe't er mei de Feanster boat nei Ljouwert west hie en wer nei Grinzer Pein ta roan, krekt even foarby café De...
nl.verhalenbank.25304
Lytse Bjinse fan Sumar wie in duvelbander. 't Wie in lyts roungear gebrekkich keardeltsje. Hwannear't de skiep net drachtich wurde woenen of as de hinnen nachts bigounen to keakeljen, dan hellen se him der wol by. Hy kom mei de karre, twa dikke hounen der foar. Hy lei op 'e knibbels yn 'e karre. Hy sei tsjin 'e hounen: "Jimme matte rinne, as sit de duvel...
nl.verhalenbank.25303
Akke Kaert lei de minsken altyd de kaert. Mar heit fortelde doe't it mei har ôfroun wie siet de kop achterstefoar op 'e romp. Dat hie de duvel dien.
nl.verhalenbank.24377
Yn dy tiid wie't noch in sânpaed dêr't dat hûs oan stie. Us heit sutele mei in karre mei diggelguod. Twa hountsjes roannen foar de karre. As heit oan it plak ta wie, dêr't de duvel húshâlden hie, woenen de hountsjes net mear lûke. Dan moest heit skouwe. Wienen se dat plak foarby, dan wie 't wer goed.
nl.verhalenbank.17583
In muoike fan my, dat wie in healsuster fan Hindrik-om. (Hindrik Ophuis). Sy lei in kear op bêd, doe siet de duvel by har op it bêdsbuordtsje. "Né, Satan," sei se, "dû kinst my net krije, hwant ik wurd net loslitten fan de Heare."
nl.verhalenbank.17597
Mike Ruerd is smiten woarn fan 'e Satan. De duvel hie him foargoed topakken. Op ien fan 'e houtsjes dy't oer de sleatten leinen fan 'e Skeanpaden (fan Readskuorre nei de Heide) dêr is Bouke Schievink al us smiten woarn. Bouke wie in raren en sûpte as in kreupel.
nl.verhalenbank.17596
Hinke Kaert wie kaertlizter op Nijebrêge. De duvel hat har de nekke omdraeid. Hja lei op in kear mei de nekke omdraeid yn 'e keamer.
nl.verhalenbank.27279
Sokken hienen in toverboek. Dêr stienen dy duvelskunsten allegear yn. Sa'n toverboek koenen se noait wer kwyt wurde.
nl.verhalenbank.21556
Ien dy't by de frijmitselrij giet, forkeapet him oan 'e duvel. Dy kin sinten krije safolle as er wol. En hy hat dan ek in wikseldaelder.
nl.verhalenbank.17341
Taeke wenne oan 'e Spekloane. Hy kom faek dronken thús. Mar as er thúskaem, dan siet de duvel op 't houtsje. Dan koe hy der net oer. Dan rôp er syn wiif Taeb. Dy moest dan de duvel der weijeije. Dan koe hy der oer.
nl.verhalenbank.17163
139