Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Organizations: Meertens Institute Place of Narration: Boelenslaan
Hjir net sa fier ôf matte reuzen wenne ha. Dy wennen yn 'e bosk. Yn 't doarp kom altomets in greate reus mei in lytsen-ien, dy't er by de hân beet hie. Sy stapten dan fan it iene hûs op it oare. Sy ha echt bistien.
nl.verhalenbank.18215
It binne de reuzen , dy't alle wiken yn 'e Kompenije groeven ha. Sy brûkten leppen, dy wienen wol trije kear sa great as nou in leppe is. Mar dy reuzen groeven altyd foar de wyn del. Sy lieten har pet waeije en hwer't dy hinne waeide, dêr groeven se.
nl.verhalenbank.17349
Twa reuzen hienen de hiele dei drok oan 't graven west. Doe kommen se op in plak, dêr rêstten se even hwat út. De iene sei: "Ik haw in warge lea." Der wienen minsken dy hearden dat. En doe neamden se dat plak Wargea.
nl.verhalenbank.28528
It kanael tusken Warten en Wargea is troch twa reuzen groeven. Doe't er oan Wargea ta wie sei de iene: "Ik bin warch." Doe lei er syn earmen op 'e goate fan 'e tsjerke om út to pûsten. De lju dy't it hearden ha doe dat plak Wargea neamd.
nl.verhalenbank.17043
Us heit Piter wie noch mar even troud. Op in kear sei ús mem: "Sille wy even nei myn folk ta?" "Bêst", sei heit. Doe't se wer op hûs ta roannen, gongen se oer in sânreed. Heit sei ynienen tsjin mem: "Pas op, gean hwat oer side. 't Is hjir allegear wetter." "Ei né," sei mem, "der is gjin wetter." "Doe," sa fortelde heit letter, "stie 'k foar twa keardels,...
nl.verhalenbank.21209
Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels. "Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom. Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat. Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder...
nl.verhalenbank.25254
6