Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: zondag Place of Narration: Boelenslaan
Der wienen froeger fan dy stille kroechjes op 'e Boelensloane. Snein-to-jouns sette it jongfolk dêr op ta. Sa wie der ek ien, dêr spile Lammert Dalstra altyd op 'e âlde harmoanika. Der dânse it jongfolk altyd by. Lammert hie mar ien hân. De oare wie in knûstje, dy wie miswoechsen. Op in joun sei 't jongfolk: "Lammert, nou mast ris even spylje: - Daar...
nl.verhalenbank.26107
In suster fan pake wenne yn 'e Folgeren by in boer. Dy boer hie in hynder, dat hie 't yn 't boarst. Net ien koe der by komme, sa sloech en trape en skopte it beest. Se hienen alris tsjin Hinse sein, as dy ris komme koe. Hinse hie dat tasein, mar hy kaem net. Mar doe op in kear kaem er hartstikke dronken fan Drachten ôf yn in rydtúch. De hynders fjouweren...
nl.verhalenbank.15914
By Utrecht leit in doarpke, dêr sûpten de minsken hiel bot. Doomny preke dêr elke snein oer en dat kom dy minsken dêr to slim oan. Sy woenen him wol slite. It folk woe him oanpakke. De tsjerke gong út. De âlderlingen seinen: "Doomny mei hjir wol bliuwe, 't komt net goed. Sy wolle doomny oanpakke." Mar doomny sei: "Elia forsloch 50.000 man." Hy gong fuort...
nl.verhalenbank.21723
Ien dy't in himd oan hat, dat op snein naeid is, dy kin net stjerre, as er op stjerren leit. Dêr mat earst in knip yn.
nl.verhalenbank.17733
Greate Jasper (= J. Veenstra) hie in synwetterbult op 'e holle sitten. Hy hie allegearre jonges (ien wie in wjerwolf). it gong dêr by Jasper en dy snein-to-moarns altyd op in pikjesjitten. Snein-to-middagen dan plichte Jasper altyd to kaertspyljen. Dan forlear hy hast altyd. Op in snein-to-joun, doe't er nei hûs ta gong, sei er by himsels: "Nou woe 'k...
nl.verhalenbank.25812
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
Ien dy't op syn stjerbêd hwat oan hat, dat op snein naeid is, kin net stjerre, sizze se. Dan mat der in knip yn dien wurde.
nl.verhalenbank.21418
Knip gjin neils op snein. Nei de dea mat men se opsykje.
nl.verhalenbank.36193
Wy mochten froeger de neils net ôfknippe op snein. Mem sei, as wy dat dienen, dan moesten wy yn 't hjirneimels al dy stikjes neil wer opsykje.
nl.verhalenbank.28527
As ien net stjerre koe woardde der frege of er ek hwat oan him hie dat op snein makke woarn wie. 't Is wol gebeurd, dat der ien of mear knopen oan 'e klean sieten, dy't der op snein oan set wienen. Dan woarden dy knopen der ôfsnien. Oars koe dyselde net stjerre.
nl.verhalenbank.24876
As minsken net stjerre kinne, wurdt der faek frege: "Hat er ek hwat oan, dêr't op in snein oan naeid is?" Se dogge dan in knip yn it klaeijingstik en dan is it goed
nl.verhalenbank.17675
35