Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: veranderen Place of Narration: Boelenslaan
Yn Grinzer Pein wienen minsken, dêr kom al us in kear in fremde kat. De man sloech der op. Fuort dêrnei hie Rikele Myt in iepene holle. Myt koe har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.25508
Sy wienen froeger bang foar dikke swarte katten, hwant dat wienen yn de regel tsjoensters.
nl.verhalenbank.27604
Jehannes Wyts koe har foroarje yn in wite kat. Ritske, myn broer, hat us in wite kat om 'e dobbe hinne rinnen sjoen. Ut dy dobbe helle Jehannes Wyts it wetter. Op in joun kom Ritske thús fan 't stropen. Doe siet dy wite kat dêr by de dobbe. Ritske hie syn hountsje losmakke en sei: "Pak dy kat!" Mar 't hountsje doarst net nei de kat ta. Hy wie deabinaud....
nl.verhalenbank.25297
Wy ha wenne yn 'e Drachtster Kompenije oan 'e feart. Dêr setten wy wolris mei de klomp in krús oer 't paed. Dêr koenen tsjoensters net oerhinne komme, seinen se. In tsjoenster kin har yn in swarte kat foroarje. As men sa'n kat in lawibes joech, dan hie de tsjoenster de oare deis in smetlape oan 'e holle. De tsjoensters bitsjoenden yn de regel bern. Dan...
nl.verhalenbank.36094
In tsjoenster is meastentiids in âlde frou, dy't har, nei't se sizze, yn in kat foroarje kin.
nl.verhalenbank.37839
Rikele Myt wie in biruchte tsjoenster, nei't se seinen. Hja wenne op 'e Skieding. Dy foroare har faek yn in kat.
nl.verhalenbank.27269
In tsjoenster kin har yn alle dieren foroarje.
nl.verhalenbank.27271
Kriget ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod, as hy him lizze lit.
nl.verhalenbank.28521
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht. In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hja mat op syn minst ienkear yn 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan, hwant sy is yn 'e macht fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.28159
Dy't hwat fan in tsjoenster krijt, mat it net opite, hwant it foroaret yn in pod.
nl.verhalenbank.25510
Hjir hat in tsjoenster wenne dy koe har foroarje yn in kat. Har man wie boer. Dy kom us op in kear thús ta de achterdoar yn. Hy gong de mjilling del en doe seach er in swarte kat. Hy joech dy kat in skop, dat dy bleau lizzen to jammerjen en to razen. De oare moarns siet syn eigen frou mei de earm yn 't wynsel. Hja wie de tsjoenster.
nl.verhalenbank.25663
Iet ien hwat fan in tsjoenster op, dan foroare dat yn in pod. Jehannes Wyts wie in tsjoenster. Hja roan de famkes nei dy't nei de winkel ta gongen mei in muntsje. Mar dy famkes doarsten 't net opite. Se wisten wol dat it dan net goed kom.
nl.verhalenbank.21893
14