Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: vallen Place of Narration: Boelenslaan
Reade Kees en Gjert woenen ris ien bangmeitsje. Dyselde moest by de tsjerke yn Drachtster Kompenije lâns. Doe gongen se boppe op elkoar tsjin 'e muorre fan 'e tsjerke oan stean mei in wyt lekken om har hinne. Doe't dyselde dêr lâns kom, sei er: "Ik ha wolris twa boppe op elkoar sjoen, mar noch noait trije." Doe woarde dy ûnderste sa binaud, dat hy sprong...
nl.verhalenbank.36102
Us Antsje (Veenstra; neamd nei Antsje Snipel) wie op in moarn ier en bitiid achter hûs yn 'e tún. De eksters hienen har wekker makke. Dy skatteren dat it hwat die en sy fottelen mar fan 'e iene doar nei de oare. Antsje tochte: dit is in min teken. Doe gong de doar by de buorlju iepen en de dochter Anne kom der út. It wie in great fanke, sy wie krekt út...
nl.verhalenbank.17724
As de spegel falt en dêr komme diggels, dan komt der in sterfgefal yn 'e hûs of der gebeurt oars hwat slims.
nl.verhalenbank.17725
Op it Rûchsân wenne in boer. De faem fan de boerinne hie forkearing mar de feint waerd siik en stoar. In skoftsje letter sei de soan fan de boer tsjin de faem: "Dû doarst joun net in biesemstok op it grêf fan dyn feint sette." De jouns stapt de faem mei in biezemstok nei it tsjerkhôf. Mar as hja op it hôf stappe sil, stroffelt sy en komt sa raer to...
nl.verhalenbank.10774
Foppe Sint (=Foppe Ophuis; ien út in tsjoensterlaech) wenne yn 'e Harkema. It wie myn pake. Hy hie in wikseldaelder en se seinen ek dat er him oan 'e duvel forkocht hie. Hy praette net fris. Op in kear wied er by ús, doe wie ik noch in famke. Hy woe sitten gean en doe luts ik gau de stoel achter him wei, doe foel er achteroer oer de flier. "O heden...
nl.verhalenbank.17594
De plaets mei de stiennen ûlebuorden Yn Wergea wenne in boer, dy hie in hiel âlde plaets. Op in joun bigong it hiel bot to waeijen. De boer stie bûten en wie deabinaud dat de plaets omwaeije soe. Doe kom der him in swarte gedaente op side. Wêz mar net bang, sei dyselde. Ast dy oan my forkeapje wolst, stiet der moarn in nije plaets, foardat de hoanne noch...
nl.verhalenbank.17032
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Wie der in man of frou, dêr't er in hekel oan hie, en dy seach er op 'e wei, dan bigoun er gau yn in boek to lêzen en dan liet er dy minsken neaken stean. Dan foelen har de klean ôf. As er syn nocht hie lêsde er datselde wer achterút, dus dan lêsde er achterstofoaren. Dan koenen se de klean wer oanlûke.
nl.verhalenbank.37853
Myn neef Germ Postma (^) fortelde, dat it wie ris gebeurd, dat der in man foar straf yn in djippe kûle smiten woarn wie. Mar yn dy kûle sieten allegearre ierdmantsjes. Doe gongen dy ierdmantsjes allegearre boven op elkoar stean en sa foarmen se in trap. Dêr klom dy man by op. Mar doe't er omtrint boven wie, rôp it ûnderste ierdmantsje: "Laat hem donderen!...
nl.verhalenbank.28423
35