Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
28 results
Dutch Keywords: toverij Place of Narration: Boelenslaan
Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. Deselden dy't dêr mei de holle op leinen, woarden siik.
nl.verhalenbank.36209
De tsjoensters dy't hjir tahâlden hienen popkes. Dêr stutsen se nuddels yn. De popkes stelden bern foar. Dy bern woarden dan bitsjoend.
nl.verhalenbank.21896
Frânse Hinke wie duvelbanner. Sy wie de opperste fan 'e tsjoensters. Sy sei: "Jimme matte in pakje spjelden goed yn wetter siede litte. De pine, dy't de tsjoenster it bern oandien hat, sil se dan sels ûndergean. Sy sit dan to razen en to kjirmjen." Heit en mem ha de ried opfolge. Dy't se net fortrouden ha se net yn 'e hûs litten. Ik wie mei in wike wer...
nl.verhalenbank.24448
Tsjoensters kinne troch 't kaeisgat hinne komme. Dêrom hienen in protte minsken yn 'e Harkema oan 'e binnenkant in lipke foar 't kaeisgat. Dan koenen se der net troch.
nl.verhalenbank.21546
Sy wienen froeger bang foar dikke swarte katten, hwant dat wienen yn de regel tsjoensters.
nl.verhalenbank.27604
Tsjoenderij wie froeger om samar to sizzen suver in folkssykte. Wie der in bern bitsjoend, of tochten se dat it sa wie dan moesten se earst it kessen iepenmeitsje om to sjen of dêr ek krânsen yn sieten. Dan moest men hinnegean en nim it wetter fan 't bern, dat yn in pot dwaen en dy pot mei wetter de jouns oer 't fjûr siede litte. Dêr moest men in pakje...
nl.verhalenbank.25296
Op 'e Feansterheide wenne âlde Rikele Myt. Dat wie in tsjoenster. Dêr doarst net ien lâns to kommen. 't Wie in sutrich âld minske, dy't fearren yn 'e kessens tsjoende. Se dienen duveldrek ûnder 'e drompels om har, en net ien dy't hwat fan har oannimme doarst. As men duveldrek yn 'e bûse hie, soe der noait in lulke houn op jin ta komme.
nl.verhalenbank.36202
Myn suster hat ek bitsjoend west. In tsjoenster hie har guod jown, dat hat se opiten. Hja hie krânsen yn 't kessen. Doe't se dy forbrând ha, ha de katten èk sa raesd.
nl.verhalenbank.28158
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster. Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Oan 'e Houtigehaechsterwyk ( = Skoallewyk) wennen Ritske van der Meer en Aeltsje. Dy hienen in jonkje. Dat bern woarde siik, it gûlde en spuide. "Us Germ is bitsjoend", sei Ritske. Sy fortochten in minske ticht by har yn 'e buert. Sy retten Aeltsje oan om alle skreven by de doarren ticht to stopjen. Ek it kaeisgat en de skoarstien. In pot mei nuddels en...
nl.verhalenbank.25660
In tsjoenster foroaret har yn in kat. Sy hat it meastal op lytse bern forsjoen. Dan gûlt sa'n bern de hiele nacht. In tsjoenster is yn de regel in âld-minske.
nl.verhalenbank.28129
De tsjoensters ha allerhande popkes. Dy stelle minsken foar, dy't se bitsjoene. Sy stekke mei spjelden yn dy popkes. Dan krijt de persoan, dy't it foarstelle moest, pine.
nl.verhalenbank.21543
De minsken wienen froeger bang foar in pod. Hwant dat wie in tsjoenster, mienden se. Dy koe har yn in pod foroarje.
nl.verhalenbank.21553
Achter ús mem yn 'e Harkema wennet in minske, dat is de frou fan Piter Rauwerda. Dat minske hat bitsjoend west. Se hie krânsen yn 't kessen. It wie in frommes fan Bûtenpost, dy't har bitsjoend hat (de frou fan Frits Klunder)
nl.verhalenbank.23936
Myn neef Wessel wenne yn it Wyldfjild. Hy fortelde my: Ik gong altyd in bulte to streupen. As ik nachts thús kom, wienen 't by ús allegearre katten om 'e doar. Baeije, myn wiif wie altyd siik. Dy tsjirme. As ik dan nachts dy katten allegear seach, koe 'k it net litte en sjit der op. "Skeatstû noch?" sei Baeije dan. "Ja," sei 'k, "ik woe de patroanen út it...
nl.verhalenbank.24697
As ien de nachtmerje kriget mat men de blom fan seefde rogge oer de tekkens dwaen. Dan kin men rêstich sliepe. Op idere rogkerl stiet in gesicht. Rogge is heilich. Soms dogge se wol rogge ûnder 'e doar om 'e tsjoensters to kearen.
nl.verhalenbank.25816
Myn heit fortelde, njonken syn folk wennen Albert (Bos) en Gees. Gees hie nou en dan pine. Op in nacht kom se wer ris by heit en dy fanwege de pine. Heit sei: "Fordomd, hast wer nei âlde Wyts west to praten?" "Sjoch Gees," sei heit, "dit mast mar ris opdrinke." Doe joech er har in kopfol brandewyn mei in dikke skoat terpentyn der yn. De oare deis moest...
nl.verhalenbank.24699
Doe't Jiske Wyts ien fan uzes ris bitsjoend hie, hat heit ris yn 'e nacht nei har ta west. Doe wie se midden yn 'e nacht yn 'e kachel oan 't readen. Doe hat heit alle glêzen by har ynslein. Har soan dat wie Jochum-sûnder-hakke. Dy sei: "Sil 'k him gau us bitsjoene?"
nl.verhalenbank.24701
Us mem fortelde, hja hie us in apel krige fan Alle Tet. Mem biet der yn. Doe sei Hindriks Janke (dy't mei de helm geboaren wie) tsjin har: "Saek, Saek, dat mast noait wèr dwaen. Hiest ek wol yn in pod bite kind!" Dan hie mem forgiftige west en yn 'e macht fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.28160
Hjir skeanoer wenne myn broer Jehannnes. As dy sneins nei tsjerke west hie en hy kom werom, dan wienen altyd de kij los op 'e stâl. En sa wie 't ek mei de keallen bûtendoar, dy sieten net mear oan 't tou. Earst gong it der soms bot oan wei, dan wie 't ien en al leven op stâl. 't Gebeurde ek faek dat de bargen út it hok wei wienen. Dan fleagen dy bargen as...
nl.verhalenbank.24373
28