Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: rennen Place of Narration: Boelenslaan
Guon dy't in forboun ha mei de duvel, dy binne kûgelfrij. Sokken ha ek in wikseldaelder. Om dy to krijen matte se nei de ien of oare tsjerke ta - ik wyt net krekt hòkker tsjerke. Dêr matte se in kear of hwat om hinne rinne mei in kat en dan matte se troch de doar roppe: "Kat forkocht! Kat forkocht!" Dan komt der in hân om 't hoekje fan 'e tsjerkedoar. Dy...
nl.verhalenbank.17734
In nachtmerje, seit men wol, is ien fan sawn dochters, mar 't is ek wol us in ienlingsdochter. Sa'n ien hat my pleage. Ik koe har wol. Ik hearde har nachts oankommen. Sy roan op 'e teannen. Dan kom se nêst my en even letter siet se my op 'e hals. Hoe raer ik dan wie - ik koe neat sizze. Ik haw har forsward en doe hat se der noait wer west. Roggemoal...
nl.verhalenbank.17630
Healwei de Boelenswei spoeke it. Ik bin dêr alris op in joun lâns kom, doe kom in greate, grouwe houn my nei. Ik ha sa hurd roan dat ik ha de ûnderdoar net iens iepenhawn, sa hurd stoude ik ta 't hûs yn.
nl.verhalenbank.36211
Greate Germ dat wie in domme keardel. Op in kear wie der op in joun mei syn soan Mindert op 'e Trije Roede. Doe sieten der twa skiep oan 'e line. Mar dat koe Mindert net ûnderskiede. "Dêr is hwat, heit", sei er. De skiep gongen hinne en wer. Germ sei: "Sweeft it, Mindert?" "Ja", sei er. "Set dan sok." Dêr fleagen se hinne.
nl.verhalenbank.17631
Net midden op 'e wei rinne, yn 'e nacht. Hwant dêr kin ris in lykstaesje oan komme. Dan wurdt men oan kant set of in meter of hwat fuortsmiten.
nl.verhalenbank.36185
Heit (Thomas Bruining) roan út Doezum wei nei de Smellinger Pein ta nei de faem. Op 'e weromreis by't Rottefalster tsjerkhôf wie hwat yn 'e homeije. Heit moèst der nei sjen. It like dan wer op in hynder, dan op in fôlle, dan op in aep. Hy koe 't net útmeitsje hwat it wie. Mar hy wie net bang en roan der hinne om to sjen. Doe't er him omkeare woe, koed er...
nl.verhalenbank.17648
Janne Durkje wenne oan 'e Spekloane. It wie in tsjoenster. 't Wie doe noch in sânpaed. Heit kom dêr freed-to-nachts altyd mei de hounekarre lâns, as er nei Ljouwert ta west hie. As de hounen oan 'e dammen ta wienen dy't nei 't hûs ta gongen woenen se net mear lûke, dan hienen se 't binaud. Dan moest heit de karre mei lûke. Wienen se 't hûs foarby, dan...
nl.verhalenbank.38697
Doe't ik tsien jier âld wie siet âlde Gjerrit Bargerbos us by ús to praten op in joun. Ik lei achter de bêdsdoarren. Mar ik wyt noch dat er sei: "'k Soe op in jountiid noch hwat wetter út 'e put helje, doe kom der in dikke kat op my yn, dy roan op 'e achterste poaten. Hy wie sa great wol as in flinke houn en hy joech my in klap mei syn sturt om 't kût...
nl.verhalenbank.24901
Reid Keuning fan Koatstertille liet de soldaetsjes oer de flier rinne. Dy kommen út 'e hurddobbe wei.
nl.verhalenbank.28524
Hjir yn 'e Loane wenne in man, dy hie in bult ierde losmakke. Dat gebeurde by 't hjerst. Dêr kom de jarre yn, dy't by 't maitiid oer 't lân brocht woarde. De man wenne tsjin 'e Fjouwer Roede oan. De jouns hie er de bult hwat sljochte. 't Wie ljochtmoanne. Doe tocht er: "Der leit hwat op 'e ierdbult." Hy der hinne. Doe wie dat in beest, krekt as in fôlle....
nl.verhalenbank.24910
Healwei Boelensloane en Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn, dy roan deun by de minsken lâns. It wie in pleachbeest
nl.verhalenbank.17666
Der wienen in pear yn 'e Harkema, dy skeaten op in hazze. Mar sy koenen dy hazze noait krije. Sy rekken him wol en it hier stoude der soms nei, mar it skot hie blykber gjin fet op dy hazze. Hy fleach hyltyd mar wer opnij in ein fierder fuort, dat hja der rinnende achteroan. Op it lêst wienen se by in dyk. Mar doe hie de hazze der net mear west, mar hwa...
nl.verhalenbank.21538
35