Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: middernacht Place of Narration: Boelenslaan
Noait midden op 'e wei rinne, hwant as der hwat is, dan rint men dêr by op en falt men der achter wer by del. Dat jildt foaral foar nachts foar tolven.
nl.verhalenbank.21905
To Hurdegaryp wie in izeren hekke, dy gong nachts om tolwe ûre altyd fansels iepen.
nl.verhalenbank.27587
Us buorman, doe't dy noch jong wie, wenne by de boer as feint. By dy boer gongen presys tolve ûre de skuorredoarren iepen. De boer, de arbeiders en de jonges gongen der út om to sjen hwat it wie, mar der wie neat. De oare nachts wie it wèr. It gong nacht op nacht. Hoe lang as dat oanhâlden hat, wyt ik net.
nl.verhalenbank.25325
Op 'e Omloop wie in boerespultsje. Dêr wenne Japik Kikkert. Tusken tolven en ienen yn 'e nacht stienen dêr altyd de skuorredoarren iepen.
nl.verhalenbank.17036
Imke de Jong wenne to Grins. Mar dêr hat er it sa raer dien, dat sy setten him yn 'e gefangenis. Mar yn 'e gefangenis wienen se skjin mei him forlegen, dat dêr moest er ek út. Klokslach tolve moest er de stêd Grins forlitte. Grins hie yn dy tiid fjouwer poarten. Krekt klokslach tolve ried Imke út alle fjouwer poarten wei. Yn elke poarte waerd er om tolve...
nl.verhalenbank.17021
Oan dizze kant Ljouwert - yn Hurdegaryp - stiet in slot, in eintsje fan 'e wei ôf. De hekken fan dat slot gongen altyd fansels iepen as de klok tolve sloech. In man by ús wei, in sekere Oeds Steensma woe ris sjen as dat wol sa wie. Hy der op in joun hinne. Om tolve ûre woarde de hekke iepen draeid sûnder dat der ien to sjen wie.
nl.verhalenbank.25503
Op 'e Goudberch - tusken de Noarderdwarsfeart en Drachtster Kompenije - spoeke in berntsje. Dat wie dêr froeger formoard woarn, seinen se. Nachts tusken tolve en ien ûre kom it op 'e lappen. Dan bigong it to razen.
nl.verhalenbank.27263
Ik wie noch in lyts bern, mar heit hat wolris forteld hoe't it gien wie. Om tolve ûre nachts bigong ik altyd to gûlen. Doe seinen de minsken tsjin heit: "Soe 't jonkje ek bitsjoend wêze?" Sy hellen op in joun it kessen fan 't bêd, dêr't ik op slepte. Dat makken se iepen en doe founen se dêr in krânske fan fearren yn. Dat ha se yn 'e hûs opbrând. Nei dy...
nl.verhalenbank.27600
35