Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
18 datasets found
Dutch Keywords: drank Place of Narration: Boelenslaan
Minse Griper wie troud mei Tryn Snipel. Tryn wie kaertlizter. Minse koe mear as in oar. Hy koe samar in flesse drank yn 'e hûs komme litte. Hy stjûrde skoppenboer fuort en dan moest in oar de flesse drank oannimme. Op in kear doarst dyselde dat net dwaen. Doe sweefde de flesse mei drank hyltyd mar om 'e lampe hinne. Doe hat dy man him op 't lêst...
nl.verhalenbank.17669
Frânse Hinke wenne yn 'e Rottefolle.Hja wie duvelbanner en holp it fé ek wol. Op in kear kamen der twa man by har mei it wetter fan twa hynders. It iene hynder wie siik, mar it oare wie soun. Mar dat seinen se net tsjin har. Hja biseach it wetter, gong nei achteren en kom werom. Hja hie in drankje en in pûdtsje mei guod by har. Dat joech se de beide...
nl.verhalenbank.17133
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane to Boelensloane. It wie myn âldomke. Syn wiif Tryn Snipel koe kaertlizze. Hja wie in suster fan myn beppe Antsje Snipel. Minse Griper hie in toverboek. Dat hied er fan 'e duvel. Yn dat boek lies er achterstofoar. Sa koed er soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy koe ek minsken útklaeije litte. Dat hat er ús mem...
nl.verhalenbank.18214
Minse Griper wie duvelbanner. Dy koe jin stilstean litte. Jouns stjûrde er in spylkaert út: Skoppenboer. Dan liet er in flesse drank komme, mar dy mocht er sels net oankrije. Sibe Bos fortelde 't my. Dy hie der by west. "Nou matte jimme dy flesse even oankrije", hied er sein. De flesse sweefde yn 'e keamer om. Net ien doarst it to dwaen. Doe woarde Minse...
nl.verhalenbank.24702
Knjillis Det, dat wie myn muoike. Dy wie alle jounen oan 't kaerten. Mei de flesse drank op 'e tafel. Sy siet mei de manlju to kaerten, dan woarde it wol ien en twa ûre yn 'e nacht. Dat die se ek, foardat se bifalle moest. Mar dêr is se foar straft woarn. De bern, dy't se krige hienen allegear de spylkaerten op 't boarst. 'k Ha 't sels sjoen. As wienen se...
nl.verhalenbank.23938
Ik wie froeger hwat in raer man. Ik mocht graech in buorrel. Op in kear lei 'k yn 'e bosk. 'k Hie tofolle hawn en ik slepte. Ik woarde wekker fan timmerjen, krekt op it plak, dêr't ik lei. 't Klonk wit hoe lang troch. Mar der wie neat to sjen. Op datselde plak dêr't ik lei ha se letter "de Huchte" set.
nl.verhalenbank.17651
Twa arbeiders hjirwei wienen op 'e Grinzer klaei oan 't sichtsjen. De boer, dêr't se by yn tsjinst wienen, sukkele. Hy hie al mei forskillende dokters en professors mastere, mar it hie net holpen. Doe seinen dy arbeiders: Jo matte Hinse Jehannes om ried freegje. Doe ried de broer fan 'e boer mei it rydtúch nei Hinse ta. Hinse joech him in greatflesfol...
nl.verhalenbank.15913
Guon koenen in flesse drank komme litte. Dat gong oer de duvelbander. Se stjûrden klaverboer fuort. Dy kaert helle de flesse drank.
nl.verhalenbank.27278
Ik ha 't wolris meimakke, dat se in kaert fuortstjûrden foar in flesse drank. Dy kaert sweefde yn 'e keamer om. De doarren hienen se iepen en de kaert sweefde ta de keamer út. Even letter kom de kaert der wer oansweven en èk in flesse drank. Dy sweefden allebeide. Der wie in persoan, dy hie dy kaert fuortstjûrd. Hy sei tsjin ús: "Nou mat ien fan jimmes de...
nl.verhalenbank.25262
Mei Skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.37854
Ik haw in man kend, dy liet in flesse drank forskine. Hy die dat mei klaverboer. It wie in mingelsflesse fol drank. Der wie in keppeltsje folk byelkoar. Hy sei: "Is der ien fan jimme, dy't my bilooft, dat er de flesse oankrije sil?" "Ja," sei ien, "ik doch it." Mar doe't de flesse der oansweven kom, doarst dy persoan dy't it biloofd hie net. Doe woarde...
nl.verhalenbank.25329
Minse Griper wenne hjir oan 'e Spekloane. Dy koe in flesse drank komme litte. As se dy flesse net pakten, dan draeide er om 'e lampe hinne. De earste romer út 'e flesse moesten se oer 't skouder hinne goaije. Fierder koenen se de flesse gerust opdrinke. Der woarde earst in spylkaert fuortstjûrd: skoppenboer. Minse Griper koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe...
nl.verhalenbank.21412
Minse Griper koe ek in flesse drank komme litte mei in spylkaert. Dat gebeurde by him yn 'e hûs. Dan rikke er de lege flesse oer om 't hoekje fan 'e doar. Even letter kom de folle flesse der oansweven. Hy mocht him net oannimme. As der net ien by wie, dy't him oannaem, dan gong er sels dea.
nl.verhalenbank.24378
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?" "Wiswol", hie pake sein. "Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421
As der hjir in bern bitsjoend wie, reizgen se nei Kûkherne, nei greate Wopke. Se krigen dan meastal in fleske mei drank mei. Wopke warskôge altyd: "Tink der om, dat it fleske ûnderweis net stikken giet, hwant der loere guon op, dy't it op it bern forsjoen ha."
nl.verhalenbank.19603
Wibe Alma fan 'e Harkema is us in kear dronken út 'e kroech wei kom. Hy sei: "De earste de bêste, dy't my tomjitte komt, dy smyt ik oer 't lân, as wie 't de duvel ek." Mar doe is er sèls smiten woarn, troch de duvel.
nl.verhalenbank.23937
By Thomas Clare leinen de kaerten altyd op 'e tafel. Sy dienen der fan alles mei. Sy lieten der ek drank mei komme. Dan stjûrden se sa'n kaert nei bûten ta. Dan kom der in flesse mei drank oan en dy gong om 'e lampe hinne.
nl.verhalenbank.32421
Der wienen minsken, as dy oan 't kaertspyljen wienen, lieten se in flesse mei drank komme. Se joegen skoppenboer oan 'e duvel en dan brocht de duvel har even letter de flesse drank.
nl.verhalenbank.37774
35