Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
857 datasets found
Place of Narration: Boelenslaan
Yn Houtigehage wenne in tsjoenster. Ritske Bekkema sei us tsjin har: "Nou krijst de kûgel!" Mar hy hat har net rekke.
nl.verhalenbank.38702
Yn 'e Harkema wenne in frou, dy foroare har yn in hountsje. Dat fleach dêr dan bûten om en dan kifte it sa'n hiele joun.
It gebeurde ek wol dat Durkje har man jouns bûtendoar foar hûs siet. Doe wied er al dea. Durkje seach him sitten. Dan wie se bang. Dêrom moesten der nachts guon by har wêze.
nl.verhalenbank.38699
Janne Durkje hie har man Jan hiel min bihandele. Sy doarst nachts noait allinne to wêzen doe't se har man yn 't graef hie. Alle nachten gong har man letter yn 't swart klaeid mei in lange jas oan en in hoed op nei de souder ta. Dan dindere it théguod en 't gong der sa bot op 'e souder om wei, dat sy koenen it op 'e wei hearre.
nl.verhalenbank.38698
Janne Durkje wenne oan 'e Spekloane. It wie in tsjoenster. 't Wie doe noch in sânpaed. Heit kom dêr freed-to-nachts altyd mei de hounekarre lâns, as er nei Ljouwert ta west hie. As de hounen oan 'e dammen ta wienen dy't nei 't hûs ta gongen woenen se net mear lûke, dan hienen se 't binaud. Dan moest heit de karre mei lûke. Wienen se 't hûs foarby, dan...
By ús heit syn âlden kom alle jounen in dikke houn, dy lei de foarste poaten op 't finsterbank en dan seach er mar nei 't bern, dat dêr yn 'e hoeke yn 'e keamer lei. As heit der út gong wie de houn wer fuort. Dy houn dat wie in tsjoenster, dy hie 't bern bitsjoend. Pake en dy wennen yn 't hûs, dêr't nou Ritske Bekkema wennet, oan 'e Bethlehemsreed, hjir...
Sterke Hearke en syn heit wienen us in kear by in boer. De boer syn soan wie ek aerdich sterk. Der lei in grouwe stien, dy hie dy soan alris in eintsje forlein. Doe woe dy boer wolris wite of Hearke èk sa sterk wie as syn soan. "Prebearje 't mar ris", sei Hearke syn heit. Hearke tilde de stien op en tilde him in hiel ein fuort, en bleau dêr gelyk ûnder....
nl.verhalenbank.38695
Skoanmem wie ris in kear by Arend Bron ûnder Oerterp. Dat wie noch hwat famylje. Wylst mem dêr wie, gong de doar trije kear iepen, sûnder dat der ien wie. Mem die de doar hyltyd wer ticht. De trêdde kear sei se: "Duvel, nou silst ticht bliuwe!" Doe't se 't wurd 'duvel' brûkt hie, bleau de doar ticht.
nl.verhalenbank.37857
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy hienen se altyd by har yn 'e bûse. As se sa'n wikseldaelder op ien sint nei útjoegen, hienen se even letter de hiele wikseldaelder wer yn 'e beurs. Dêrtroch hienen dy lju noait forlet fan jild. Mar sy mochten noait wer by de frijmetselerij wei.
Yn Hurdegaryp wie in hekke, dy gong altyd fansels iepen. Der ha wol guon by west om op to passen, mar se koenen him net tichthâlde.
Mei Skoppenboer koenen guon in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.37854
Trape der ien op in pod dan kom der tonger. Ek as se in kikkert deamakken.
nl.verhalenbank.37852
Hjir ha ek wol minsken wenne, dy't se út noch yn net by it fé ha woenen. Dat wie net fortroud. Dan gong it fé dea. Foar sokke lju leinen se duveldrek ûnder 'e drompel. En se dienen ek duveldrek yn it drinken fan 'e biggen.
Hjir yn 'e Boelensloane binne wolris guon smiten woarn troch de duvel, as se út 'e kroech weikom wienen.
nl.verhalenbank.37850
Boardzer Bruining seach altyd lykstaesjes oankommen. Us âlden warskôgen ús altyd: by nacht altyd oan kant bliuwe, noait midden op it paed rinne. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.37849
It gebeurt wol, dat ien net stjerre kin. Dan hat er hwat oan dat se op snein makke ha. Dan matte se dêr in knip yn dwaen, earder kin er net stjerre.
nl.verhalenbank.37848
Wy gongen wol nei Kloosterburen ta to sichtsjen. Dêr stie in boereplaets, dêr ha ik wol yn slept. It gebeurde faek dat de doar dêr yn 'e nacht samar fansels iepen gong, sûnder dat der in minske wie; ek as er goed fêst makke wie fan tofoaren.
As se in apel of sa fan Myt krigen, dy smiten se wer fuort. Hwant as se dy opieten krigen se in pod yn 't liif, seinen se. Tsjoensters makken krânsen yn 'e kessens. En sy stutsen it bern mei spjelden, dat dienen se dan thús. Hie it bern trije krânsen yn 't kessen, dan gong it dea.
nl.verhalenbank.37846
Myn wiif wie noch in famke en sy wennen op 'e skieding. Dêr wenne ek in biruchte tsjoenster: Rikele Myt. Myn wiif moest dêr faek hinne om wetter op to heljen. Op in kear gong se dêr wer hinne mei har kammeraetske Rike. Doe seagen se by Myt troch 't rút. Myt stie by de tafel en makke in hiele protte tsiisbroggen ré. En dêr roannen allegearre soldaetsjes om...
nl.verhalenbank.37845
Froeger seagen se hjir de ljochtsjes fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten rydt al lang foardat der noch sprake wie fan in tram.
0