Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 results
Dutch Keywords: straf Place of Narration: Augustinusga
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
Alde Boele Ytsma gong us op in kear mei in koe nei de bolle. De bolle roan achter de Bosk yn 't lân. Boele syn âld-wyfke wie der ek by, dy gong mei. Sy dienen it stil, dan hoefden se gjin bollejild to biteljen. Doe't de koe ûnder 'e bolle west hie, moesten se gau fuort, hwant it wie tsjuster. It âld-wyfke soe gau de hekke iependwaen, mar dy koe se noait...
nl.verhalenbank.27662
Hjir yn Stiensgea wenne yndertiid in goddeloaze man. Dat wie Boele Ytsma. Hy wenne yn 't West. It wie in greate spotter. Op in snein-to-moarn gong er mei syn frou Fokeltsje mei in koe nei de bolle ta. Hy moest troch trije hekken. Mar dy hekken sprongen samar fansels iepen. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. Sa hie dy him topakken.
nl.verhalenbank.32721
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen. Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Sytse Jager fan 'e Harkema ha 'k faek mei hawn to murdejeijen. Hy wie de raerste fan 'e Harkema. 't Koe him allegearre neat skele hwat er sei of hwat er die. Doe woarde er op in kear opnom en oer de dyk hinne smiten. En doe hat de duvel him in ôfgrysliken wân jown. Sûnt wie Sytse fjûrbinaud. Hy doarst der jouns net mear allinne op út. As wy to murdejeijen...
nl.verhalenbank.34531
Ek us in kear - dat fortelde Fogeltsje ek - doe roan er fan Droegeham de Skeanpaden del nei Readskuorre. Doe hied er it ek wer o sa raer opsein. Doe hie ien him beetpakt en dy hie him yn 'e sleat smiten. Dat hie de duvel ek west.
nl.verhalenbank.27639
Auke Helmhout wie opperman by ús heit hjir yn Stiensgea. 't Wie in raer feint. Hy wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema en roan altyd hinne en werom nei it wurk ta. Op in kear roan er wer nei de Smoarhoeke ta werom. 't Wie joun. Der wie net in minske warber. De hiele Smoarhoeke wie leech. Mar der siet hwat achter him oan. Dat fornom er skoan. Mar hy koe...
nl.verhalenbank.33555
Yn 'e kroech fan IJe Hulshof to Surhuzum hat it jongfolk ris it heilich avondmael fierd. Hja spotten der grouwélich by. Hja binne dêr raer weikaem, de duvel hat mei har ôfrekkene.
nl.verhalenbank.37094
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Der wienen twa man, dy roannen op in jountiid togearre. De iene kom fan 'e Harkema, dy wie o sa goddeloas, de oare kom fan Surhuzum. Hja kommen by in daem, dêr moesten se om in stapke hinne. Doe kom dêr in keardel oan, dy pakte de spotter by de lurven en dy seame er hiel bot ôf. It fremde wie dat dy man út Surhuzum noait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.32716
Hjir wenne in sekere Fogeltsje. Dy har man wie bot oan 'e drank en dan gong 't altyd op in swetsen en swearen. Op in kear, sa fortelde Fogeltsje, doe hied er yn 'e Ham yn 'e kroech sitten, doe moest er nei Stiensgea ta rinne. Doe't er yn 't west fan Stiensgea wie hied er ien moete. Dy hat mei him fochten en wol sa bot, dat hy kom bont en blau thús. It...
nl.verhalenbank.27638
Albert is myn broer. 't Wie yn syn jonge jierren in raren-ien. Hy hie forkearing yn 'e Westerein en hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun hied er nei de faem ta west. Yn 'e nacht kom er werom. Hy wie al omtrint yn 'e Harkema. Op 'e Lytse Wei tusken Droegeham en Harkema woarde er in greate wite auto gewaer. Dy stie dêr op 'e wei. It like raer, sa midden yn 'e...
nl.verhalenbank.33619
14