Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
18 results
Place of Narration: Augustinusga
Yn Stiensgea wennen froeger ek wol tsjoensters. Se hienen it meastal op lytse bern forsjoen. Dan makken se krânsen yn 't kessen, dêr't it bern op lei. Ik wie frachtrider. Hwat haw ik wol in protte duveldrek meinom út Drachten. Dat kocht ik altyd by David Flud.
nl.verhalenbank.27640
Tsjoensters foroarje har soms yn in swarte kat. Hja bitsjoene meastal bern. As sa'n bern siik woarde gongen se nei de duvelbander ta om in drank. Dat wie froeger Greate Wopke. Ik ha wol gauris heard dat se soms in grouwe swarte kat in opdonder joegen en dat dan de oare deis in âld wiif in blessuer hie. Dat wie dan de tsjoenster. Yn in fearren kessen...
nl.verhalenbank.34535
Hjir yn Stiensgea hat in man wenne, dy fielde him noait rjocht goed. De dokter koe net fine hwat him skeelde. Doe tocht dy man: der kinne wolris forkearde hannen oer my gean. Miskien sit der wol hwat by my yn 't holkessen. Dat wie fan fearren. Hy makke it stikken en doe helle hy der in fearrene krâns út. Tichte by harren wenne in frou, dat wie in...
nl.verhalenbank.32705
Myn pake, dat wie Fokke Bouius. Dy wenne achter de bosk. Hy hie seis bern. Der wie in bolkoerrinster, dy gong altyd mei de bern om. Doe woarden dy bern sukkelich en ien gong dea. Ien fan 'e dochters hie njoggen krânsen yn 't kessen. "Ik bin bang, dat ik bitsjoend bin", sei se. De bolkoerrinster krige de skuld. Pake sei tsjin har: "Ik wol dy net wer yn 'e...
nl.verhalenbank.21853
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Yn Surhuzum wenne âlde Minke van der Schors. Dy bitsjoende de bern. Dan krigen dy bern krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.37091
Dienen jy duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster dêr net oer komme, seinen se.
nl.verhalenbank.34537
In tsjoenster kin har yn in wite kat foroarje. Seagen de minsken froeger in wite kat, dan seinen se: "Dat is in tsjoenster." In muoike fan my wenne achter de Bosk yn Stiensgea. Hja wie noait goed. Hja wie doe noch net troud. Ut en troch kom der in âld wiif by har. Sy seinen tsjin Teikje-muoi: "Dû koest wol bitsjoend wêze." Op in kear ha se doe 't kessen...
nl.verhalenbank.27657
Lytse bern matte noait hwat fan in tsjoenster opite, hwant dan binne se gefaerlik.
nl.verhalenbank.27658
Alde Griet wie in tsjoenster. Hja sutele mei negoasje. Hja sliepte yn 't folksloazjemint. Hja seach tsjin 'e bosk oan, dêr wenne se. Hja hie de kuorkes naem en hie sweefd.
nl.verhalenbank.25311
Hjir wennen twa jonges, de heit wie blyn en de mem wie dea. Doe kom âlde Griet dêr ris. "Hjir jonge," sei se, "hast in lekker fiskje." Alde Rolf sei: "Net opite." Hja krige in stopnuddel en stuts de fisk dêrmei oan 't sket. Nei in pear dagen wie 't in hiele dikke fisk.
nl.verhalenbank.25312
Yn Kollumersweach, sei myn wiif, wenne Boate Griet. Dat wie in tsjoenster. Dy hie allerhande popkes, dêr't se mei spjelden yn ompripke.
nl.verhalenbank.27987
Krige men in apel fan in tsjoenster, dan moest men dy trochsnije. Dan koe men him gerust opite, dan koe 't gjin gefaer.
nl.verhalenbank.27808
De frou har heit fortelde: Ien fan 'e bern wie siik (miskien wie 't myn frou wol). 't Gebeurde yn Hynljippen. Dêr wie skoanheit doe oan 't wurk en hy hie de hiele húshâlding meinaem dêrhinne. Der wie in bolkoerrinster, dy kom alle kearen fêst by heit en dy yn 'e hûs om kofje, en dan seach se ek altyd even by it bern. Hy fortelde op 't wurk dat it bern...
nl.verhalenbank.37404
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Hja bitsjoende meastal bern. Dan makke se krânsen yn 'e kessens. De krâns moest earst fol wêze, earder stoar 't bern net. Myn eigen muoike wie sahwat 25 jier, doe is dy noch bitsjoend woarn. Dy hie trije krânsen yn 't kessen. Alde Griet fan 'e Harkema wie de tsjoenster. Hja ha der foar nei de duvelbander ta west:...
nl.verhalenbank.37109
Tsjoensters wienen der froeger plenty yn Stiensgea. Der binne rounom wol krânsen út 'e kessens helle woarn. Dêr siet naeijern, stopjern, lapkes en alsamear yn. Hwa't hjir allegear net bitsjoend west ha - dêr ha je Fokke Alma. Dy sukkele. 't Kessen woarde iepentoarnd. Doe founen se in krâns. Pake gong foar him nei de duvelbander ta, mar hy is net mei de...
nl.verhalenbank.12549
Yn it Oast fan Stiensgea stiet in pleats dêr wennen froeger twa bruorren op. Dy hienen twa kedden op 'e stâl stean. It gebeurde soms dat se op in joun of op in nacht in ôfgrysliken lawaei hienen. Dan gong it der sa bot oan wei as kaem it hiele hûs fan boven. As se der hinne gongen wie der neat to rêdden. Mar wol wienen de kedden dweiltrochwiet fan swit....
nl.verhalenbank.37110
Myn wiif sei, yn Kollumersweach wenne in tsjoenster, dy koe har yn in kat foroarje. Sokke katten komme altomets byelkoar om to forgaderjen. Sy bitsjoenden meastal lytse bern. Dan gongen se nei Greate Wopke fan Kûkherne, in duvelbanner, om in drankje. Wopke joech ek wol duveldrek mei. By in tsjoenster doarsten se noait hwat opite of opdrinke.
nl.verhalenbank.27984
18