Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
23 results
Place of Narration: Akkerwoude
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne. Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Froeger hat dêr in jildkule west. Dêr pompen se yn mei sinten (een bekend knikkerspelletje. Wij deden het vroeger ook, maar dan met knikkers. Je kunt het ook met centen doen, maar dat is grof spel. A.A.J.) Dat gong soms o sa rûch en dêr waerd skandalich by flokt. Dêrtroch wie 't dêr letter net mear plús (Ikkerwâld).
nl.verhalenbank.21761
Herman Roels fortelde, to Broeksterwâlde wie 't us gebeurd dat ien in hiele kamp lân oersmiten woarde.
nl.verhalenbank.21763
Op 'e Skilige piip spûke in wite juffer. Dêr wienen guon tige bang foar.
nl.verhalenbank.24141
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap." Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde." En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige. Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Myn swager Jan v.d. Meulen hat us in kear in fjûrbol de Singel delroljen sjoen. Hy rolle almar fuort. 't Wie op 'e Godloas-singel, dêr doocht it net. De gleone bol rolle foar him op.
nl.verhalenbank.23542
Op 'e Lytse Loane spûke it ek. Guon hienen dêr in âlde hear spûkjen sjoen mei in hoed op.
nl.verhalenbank.24142
Der wienen twa mannen, dy kommen fan Feanwâlden. 't Wie ljochtmoannewaar. Doe wie der in ding fóár har. 't Hie de forskining sahwat fan in minske. Dat wie hyltyd in eintsje fóár har. Doe stapten se fan 'e fyts. Doe woarde 't wei yn 'e wâl. Sy ha 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.24022
Anders Visser fan de Broek fortelde, op in jountiid let - doe wenne hy noch yn Ikkerwâld - doe kom er fan 'e Broek út wei. Doe wie der him in wyt spûkhynder foarbystouwen kom en dat hie sa hurd flein as wie 't in hurdrinder.
nl.verhalenbank.21767
Froeger hearden se nachts faek, dat de brake gong. As se der in hanfol flaechs omhinne bounen, foardat se op bêd gongen, dan hienen se der gjin hinder fan.
nl.verhalenbank.23072
Der wie in earmfóud yn Ikkerwâld, dy syn frou stoar. Doe't se al in skoftsje ûnder 'e ierde lei kom der yn 'e nacht hyltyd ien by de doar yn 't wyt. De earmfóud woe wite hwat dat to bitsjutten hie. Dêrom gong er nei doomny ta en frege of dy it skynsel oansprekke woe. Doe sei doomny: "As it yn 't wyt is, wol ik it wol oansprekke, mar is it yn 't swart, dan...
nl.verhalenbank.21758
Myn broer Freark en syn frou kommen us op in kear by myn mem en heit wei (Oege Reitsma en 'e frou) sahwat om alve ûre yn 'e joun. Sy roannen de loane del nei hûs ta. Doe kom der in pleachbist oan. As hjà in stap forsetten, dan forsette dat pleachbist ek in stap. Hy folge har yn har fuotleasten. Doe't se de loane del wienen en yn Broek kommen, woarde 't...
nl.verhalenbank.21768
Sipke Wynsma wie op in nacht op in iensume wei allinne. Hy tocht: "Ik wol wol hwat selskip ha." Ynienen roan der in man foar him, dy bleau in eintsje foar him út rinnen. Dy man hie galgen krúst oer de rêch. Dy bleau in eintsje foar him op, doe wie er ek sa mar wer wei.
nl.verhalenbank.24012
In man fortelde my: Wy wienen fan dy greate jonges, wy leinen togearre yn in bêdsté op bêd. In oare broer moest ús de oare moarns wekker meitsje. Hy stapte nei ús bêd ta. Dêr moesten twa lizze. Mar dêr leinen trije. Doe doarst er ús net wekker to meitsjen. Omt der trije leinen, dat kloppe net. Hy gong even yn 'e oare keamer, en in skoftsje letter kom er...
nl.verhalenbank.24023
Froeger wie der in gemeentepomp oan 'e Lytse Loane. Op in moarne bitiid kom dêr in frou om wetter. Doe hat se dêr by de pomp hwat sjoen dat net doogde. Se liet de amer mei wetter stean en is nei hûs ta flein. Mei de klompen oan is se op bêd lizzen gong, sa bang wie se.
nl.verhalenbank.24143
Alde Hil (fan de Hale to Ikkerwâld) fortelde, dêr kom froeger altyd in man fan Dokkum mei twa kuorren oan 't jok. Dêr hied er allegear diggelguod yn. Der sutele er mei. Jouns liet er dy kuorren by de minsken stean. Dan sette er wer op Dokkum ta en dan gong er oerdeis wer oan 't suteljen. Mar op 'e plakken, dêr't hy syn kuorren nachts stean hie, dêr gong...
nl.verhalenbank.21766
Op in moarn bitiid gongen myn swager Jan van der Meulen en syn frou togearre nei de einekoai ta. Jan wie altyd moarnsk, dy hie moarns altyd in min sin. Hy roan foarop. Doe't se oan 'e koai ta wienen, doe woarde dêr song. En dochs wie der yn 'e wide omkriten net in minske to sjen. 'Klop - klop - klop en het Heilandsgebod. Zie, de deuren zijn opengedaan...'...
nl.verhalenbank.23539
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele. Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre. "Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike. "Jawol", sei er. 't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan. Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?" Hja gongen der ôf. Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild. Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
23