Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Akkerwoude
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne. Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap." Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde." En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige. Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Myn swager Jan v.d. Meulen hat us in kear in fjûrbol de Singel delroljen sjoen. Hy rolle almar fuort. 't Wie op 'e Godloas-singel, dêr doocht it net. De gleone bol rolle foar him op.
nl.verhalenbank.23542
Op 'e Lytse Loane spûke it ek. Guon hienen dêr in âlde hear spûkjen sjoen mei in hoed op.
nl.verhalenbank.24142
Der wienen twa mannen, dy kommen fan Feanwâlden. 't Wie ljochtmoannewaar. Doe wie der in ding fóár har. 't Hie de forskining sahwat fan in minske. Dat wie hyltyd in eintsje fóár har. Doe stapten se fan 'e fyts. Doe woarde 't wei yn 'e wâl. Sy ha 't net wer sjoen.
nl.verhalenbank.24022
Anders Visser fan de Broek fortelde, op in jountiid let - doe wenne hy noch yn Ikkerwâld - doe kom er fan 'e Broek út wei. Doe wie der him in wyt spûkhynder foarbystouwen kom en dat hie sa hurd flein as wie 't in hurdrinder.
nl.verhalenbank.21767
Sipke Wynsma wie op in nacht op in iensume wei allinne. Hy tocht: "Ik wol wol hwat selskip ha." Ynienen roan der in man foar him, dy bleau in eintsje foar him út rinnen. Dy man hie galgen krúst oer de rêch. Dy bleau in eintsje foar him op, doe wie er ek sa mar wer wei.
nl.verhalenbank.24012
Op in moarn bitiid gongen myn swager Jan van der Meulen en syn frou togearre nei de einekoai ta. Jan wie altyd moarnsk, dy hie moarns altyd in min sin. Hy roan foarop. Doe't se oan 'e koai ta wienen, doe woarde dêr song. En dochs wie der yn 'e wide omkriten net in minske to sjen. 'Klop - klop - klop en het Heilandsgebod. Zie, de deuren zijn opengedaan...'...
nl.verhalenbank.23539
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele. Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre. "Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike. "Jawol", sei er. 't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan. Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?" Hja gongen der ôf. Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild. Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
Myn heit wie yn syn jonge jierren in wyld man. It koe him neat skele hwat him foar de mûle kom en hy spotte der mar op los. Op in nacht gong er to murdejeijen. De houn hied er by him. Hy wie yn Wâlterswâld. Doe gong der ynienen in great swart frommes foar him lâns. Hy koe net sjen of se roan. De houn wie oars nergens bang foar, mar doe hied er de sturt yn...
nl.verhalenbank.23073
Wibe de Vries wie alve jier en wenne yn Moarmwâld. Hy gong us op in kear nei syn pake ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Dêr groeide ingelwoartel yn 'e buert. Dat wie in krûd mei lange stâllen (schermbloemige). Dêr koenen wy wetter mei fuortspuitsje. Wetterbos neamden wy sa'n ding. Krekt hied er sa'n wetterbos makke, doe kom der ynienen in hiele lange man oan,...
nl.verhalenbank.21762
13