Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: man Place of Narration: Akkerwoude
Op 'e Lytse Loane spûke it ek. Guon hienen dêr in âlde hear spûkjen sjoen mei in hoed op.
nl.verhalenbank.24142
Anders Visser fan de Broek fortelde, op in jountiid let - doe wenne hy noch yn Ikkerwâld - doe kom er fan 'e Broek út wei. Doe wie der him in wyt spûkhynder foarbystouwen kom en dat hie sa hurd flein as wie 't in hurdrinder.
nl.verhalenbank.21767
Der wie nachts altyd hwat op it tsjerkhôf. Doomny woe wol us wite hwat dat wie. Doe gong hy der ris hinne om to sjen. Doe wie dêr in persoan, dy gong boven op 'e oare stean, op 'e skouder tsjin 'e muorre oan. Doomny sei: "Ien ha 'k wolris op 'e oare stean sjoen, mar dêr ek noch in trêdden boppe op noch noait." Doe wie de boppeste sa binaud woarn, hwant hy...
nl.verhalenbank.24020
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap." Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Myn pake, dat wie âlde Freark Prûk. Dy fortelde us in kear, der wienen in man en in frou, dy koenen och sa min mei elkoar. Doe hie dy frou us tsjin har man sein: "As ik aenst stjer, dan sil ik lykwols de tafel en de hurd skjin hâlde." En sy hâldde wurd. Sy stoar en woarde biierdige. Alle nachten kom se, sahwat om in ûre of ien hinne by har man. Dan gongen...
nl.verhalenbank.21765
Wibe de Vries wie alve jier en wenne yn Moarmwâld. Hy gong us op in kear nei syn pake ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Dêr groeide ingelwoartel yn 'e buert. Dat wie in krûd mei lange stâllen (schermbloemige). Dêr koenen wy wetter mei fuortspuitsje. Wetterbos neamden wy sa'n ding. Krekt hied er sa'n wetterbos makke, doe kom der ynienen in hiele lange man oan,...
nl.verhalenbank.21762
Yn it hûs, dêr't earder Bange Tryntsje yn wenne, wenne letter myn dochter en skoansoan Binne. Om tolve à ien ûre yn 'e nacht kom dêr altyd ien oan 'e achterdoar ta. Dan bigoun de doar to rinkeljen. Binne gong der dan ôf om to sjen, mar der wie noait hwat.
nl.verhalenbank.21760
Ik hearde us in kear fortellen fan in pear boeren út Gietsjerk: 't Wie yn 'e winter, mei ljochtmoannewaer en sy woenen der op út to murdejeijen troch de Trynwâlden, bûten op it fjild. Doe't se al in hiel ein op stap wienen, wie der in ding oan kom, dat kom hyltyd op har ta. Sy koenen net sjen of it in minske wie. 't Wie in wyt ding. Ien fan 'e mannen wie...
nl.verhalenbank.23540
8