Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show Only Popular Place of Narration
Narrator Gender
close
51 datasets found
Dutch Keywords: man Place of Narration: Akkerwoude
Heit gong der jouns wol gauris út, dan seach er nei de stjerren. It gebeurde dan wol us, dat er allegear ljochten oan 'e loft gewaer woarde. Dat binne letter de ljochten (strjitlampen) oan 'e wei woarn.
nl.verhalenbank.23057
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Myn frou har heit wenne op 'e Broek. Hy wie widner en wenne allinne. Alle nachten wie 't krekt as sloech der in kouwesturt tsjin 'e keamersdoar oan. Faker as ien kear gong hy der dan ôf om to sjen hwat dat wie. Hy socht dan alles ôf en nei, ek de souder, mar der wie noait hwat. Mar as er wer op bêd lei, dan bigong it wer. En altyd wie de doar op, as hy...
nl.verhalenbank.23069
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme. Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him. Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien...
nl.verhalenbank.24139
Hindrik Gerks Hoekstra seach us op in nacht in wein riden sûnder hynder der foar. It wie yn 'e foarige ieu, wol tritich jier foardat der auto's kommen.
nl.verhalenbank.24015
Hjir yn Ikkerwâld hat ek in man wenne, dat wie in sekere Klaes Veenstra, dy koe in fjirtsjin foets roede rjocht útstekke.
nl.verhalenbank.23550
Myn broer Freark kom us in kear yn 'e Falom by Aldert en Tsjerkje to thédrinken. 't Wie oerdei op 'e middei. "Wy matte ek us even yn 'e skuorre sjen", sei Aldert. Doe hie dêr in wicht lein fan fyftich poun. "Dy kin myn soan net risse op in lep, en ik ek net", sei Aldert. Myn broer sei: "Lit it my us prebearje." Hy hie de lep krigen, dêr de stien op lein...
nl.verhalenbank.23545
Op 'e souder stie in âld kast en noch hwat oare âlde meubels. Dêr woarde op in nacht ynomrammele. Yn dat hûs wennen in man en in frou togearre. "Hearst it wol?" sei de frou. Hja wie syn muoike. "Jawol", sei er. 't Rammeljen hâldde tiden oan, der kom gjin ein oan. Op 't lêst sei er: "Matte wy der net ôf?" Hja gongen der ôf. Beide gongen se by de leider op...
nl.verhalenbank.24014
Sa'n fiif en twintich jier lyn wennen wy op 'e Geast (Rinsumageast). Der wie in frou, dy kom in bulte by ús. Dat wie de frou fan Liuwe Woudstra. Doe't se de jouns wer us in kear by ús west hie sei 'k tsjin 't wiif: "Wy bringe har in eintsje op stap." Dat gebeurde ek. Wy wienen de Kapelle oer, en doe koe myn wiif de siken net krije. (Hja hie in min boarst)...
nl.verhalenbank.21769
Hjir njonken hienen se froeger perseeltsjelân. Us muoike wenne oan 'e oare kant de wei, dy seach op in snein-to-joun hiel dúdlik, dat der in man mei in lantearne yn 'e hân it perseeltsjelân deltrêdde. Hy meat it út. Doe wist noch gjin ien fan hwat. Muoike woe ris sjen hwat foar keardel as dat wie. Sy gong der út, mar doe't se op 't lân kom, wie der net...
nl.verhalenbank.24349
Myn broer Freark meande deis twa pounsmjit ôf. Hy hie in seine, dy't folle wider wie as in gewoanenien. Doe't er noch in jonge baes wie gong er us in kear de kant nei Dokkum op. 't Wie op in jountiid. Dat wie nei de kroech ta, oanstekke en sûpe. Doe kom er mei de rêch tsjin 'e blommen oan to sitten dy't foar 't glês stienen. De frou sei: "Jo matte...
nl.verhalenbank.23546
Op in donkere joun kaertspilen der sa'n fjouwer man yn in hûs yn Ikkerwâld. Sy woenen gratis in flesse drank ha. Doe joegen se skoppenboer by de doar oer. Doe woarde ien fan 'e mannen in flesse drank yn 'e hân jown.
nl.verhalenbank.24017
Heine Hellinga roan op in jountiid op 'e singel yn Ikkerwâld (Schwartzenbergloane). Ynienen stapte der in man njonken him. Dy sei neat. Doe sei Heine: "Men seit ek wolris hwat, net?" Heine woarde fan it midden fan 'e wei ôf opnom en oer in beamwâl yn 'e sleat smiten.
nl.verhalenbank.24013
Ritske Vellink fortelde oan ien dy wenne op it streekje: "Hjir by W. komt in sterfgefal." Even letter stoar dêr in famke. Dat hie er in pear dagen foarút al sjoen. 't Wie yn Ikkerwâld.
nl.verhalenbank.24007
Myn swager Jan v.d. Meulen hat us in kear in fjûrbol de Singel delroljen sjoen. Hy rolle almar fuort. 't Wie op 'e Godloas-singel, dêr doocht it net. De gleone bol rolle foar him op.
nl.verhalenbank.23542
Jan Prûk, dat wie in broer fan myn mem. Hy lei us in kear mei 't skip yn Dokkum, dêr't de Dútsers formoarde binne. Hy krige dêr rûzje mei ien. Doe pakte er dy keardel en sprong der mei yn 'e feart. En hy sylde mei dy keardel ûnder syn eigen skip troch.
nl.verhalenbank.23556
't Wie twa ûre yn 'e nacht en moai ljochtmoanne-waer. 't Wie sa ljocht as dei. Binne Boonstra fan Dokkum (dy wenne hjir doe noch) wie oan 't murdejeijen. Doe wie der ynienen in lyts swart wyfke tofoarskyn kom mei yn 'e iene hân in boskje blommen en yn 'e oare in taske. 't Hie samar foar him stien. Hja frege him nei de wei nei Ljouwert. De hounen hienen sa...
nl.verhalenbank.23543
Sipke Wynsma wie op in nacht op in iensume wei allinne. Hy tocht: "Ik wol wol hwat selskip ha." Ynienen roan der in man foar him, dy bleau in eintsje foar him út rinnen. Dy man hie galgen krúst oer de rêch. Dy bleau in eintsje foar him op, doe wie er ek sa mar wer wei.
nl.verhalenbank.24012
Der kom us in man by Sterke Hearke. Dy woe wol us mei Hearke tille om to sjen hwa't it sterkste wie. Hearke wie net thús, mar syn suster (of dochter?) Rixt wol. Dy nom dy man mei nei bûten ta. Dêr leinen twa hiele grouwe bolstiennen, mei ringen der yn. Rixt sei: "Ik kin hjir ien fan tille, mar Hearke twa." Doe't dy man dat hearde, gong er gau fuort.
nl.verhalenbank.23555
Willem Woudstra stiel op in nacht in kou. Hy wie like rjocht as jo en ik, mar hy makke in bult en dy treau er ûnder 'e jas op 'e rêch en sa gong er mei de kou nei Ljouwert ta. Dêr forkocht er dy kou oan in joad. Fuort dêrnei died er de bult wer ûnder 'e jas wei. Mar sy snapten him. Hy woarde der fan fortocht, dat er dy kou stellen hie. Hy moest foar 't...
nl.verhalenbank.23541
35