Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: beest Place of Narration: Akkerwoude
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
Yn 'e tiid dat der ympost bitelle wurde moest op it slachtsjen woarde der wol gauris slûke. Der wennen yn in doarp twa man, dy slachten wolris in skiep op it tsjerkhôf. 't Wie altyd yn in donkere nacht as se dat dienen. Guon hearden wolris hwat op it tsjerkhôf, mar sy wisten net hwat it wie en net ien dy't it doarst to ûndersykjen. Sadwaende koenen dy...
nl.verhalenbank.24021
Yn Feanwâldsterwâl wie ek ris ien bitsjoend. Dat wie in boerefrou. En de beesten op 'e stâl wienen ek allegear bitsjoend. Dy stienen alle moarnen los op 'e stâl. Doe binne se nei Piter Poes ta gong fan Sumarreheide. Dy wie duvelbander. Hy kom yn 'e hounekarre en wipte der út op it hiem. Hy kom mei yn 'e hûs. Hwat er mei it fé dien hat, wyt ik net, mar it...
nl.verhalenbank.24151
Myn skoanheit wie de geit us in kear kwyt. Hy socht der om. Doe kom er op in plak, doe wie 't krekt as fornom er, dat de geit hyltyd om him hinne trippele. Mar 't wie sa net, hwant dêr wie net in geit. Doe wie er in kamp lân fierder gien en doe wie de geit dêr echt en hy trippele om him hinne.
nl.verhalenbank.23071
Alde Klaes Veenstra hat in pleachbeest sjoen, wol folle faker as ien kear. Hy wenne tichte by de kapelle op 'e Geast. It pleachbeest kom de reed del. Hy kuijere jin altyd achternei. 't Wie roetswart en sa great as in grou skiep. It die jin neat. Hy roan mei Klaes Veenstra oan 'e doar ta. Dêr joech Klaas it dan in stikje roggebrea. Dan gong it wer fuort....
nl.verhalenbank.23066
35