Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
636 results
Narrator Gender: v
In tsjoenster foroare har yn in kat. Hja koe fleane op in biezemstok.
nl.verhalenbank.30863
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje.
nl.verhalenbank.24683
As ús froeger in dikke kat tomjitte kom, dan seinen wy: "Dat is Alle Tet."
nl.verhalenbank.22720
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Hjir op dit eintsje, it Sikkema-hûs in eintsje foarby - foar in meubelsaek oer, hat ek in tsjoenster wenne. Dat wie Piters Willemke. Dy kaem as in kat samar by in oar ta de huzen yn. As hja der op út wie, sei har man Piter: "Der leit wer in pânse op bêd." De pânse liet se altyd thús achter. Se neamden Willemke...
nl.verhalenbank.29780
Myn skoanmem kaem fan 'e Harkema. Dy fortelde, der wenne by harren op 'e Bulten in âld minske, dat wie Alle Tet. Dat wie in greate tsjoenster. Nachts wie hja der op út, dan hie se de pânse op bêd lizzen. Hja fleach op 'e biezemstok troch de loft.
nl.verhalenbank.29704
Njonken har wie in húshâlding, dêr skreau de man him Bosma fan. Dy ha allegear jonges forlern. Dy hat hja deatsjoend. Se seinen, dat se soms op in biezemstok troch de loft fleach.
nl.verhalenbank.29632
In tsjoenster komt trouwens ek wol troch 't kaeisgat, hwant hja kin harsels foroarje yn elk willekeurich dier. Mar it meast foroaret in tsjoenster har yn in kat.
nl.verhalenbank.29630
Tsjoensters foroarje har yn katten en as katten hâlde se wolris in forgadering. Sy fleane op biezemstokken troch de loft.
nl.verhalenbank.25477
Alde Jehannes' Wyts wenne op 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster. Guon ha har ris oer de wyk fleanen sjoen. Ien fan har dochters hie in famke. Dat famke is troch har bitsjoend woarn.
nl.verhalenbank.24261
De katten hâlde soms midden op in stik lân in forgadering. Dan wurdt der bisprutsen hwat se mei de minsken úthelje sille en hwa't se bitsjoene sille. Men kin har dan skoan gûlen hearre, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.22850
Us mem fortelde froeger, Alle Tet dy koe har foroarje yn in kat. Dy ha se wol us slein, dan wie Tet de oare deis kreupel.
nl.verhalenbank.22712
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje, sizze se altyd.
nl.verhalenbank.38194
De tsjoensters kamen troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.38090
Stammerige Harm fan Sweagerbosk wie èk in tsjoenster.
nl.verhalenbank.36826
In tsjoenster komt net oer de drompel.
nl.verhalenbank.21665
Vrouw als kat D'r heet hier vruuger in de buurt 'n vrouw gewond, die d'r eige in 'n kat kon veraandere. Ze ging dan altij as kat naor 'n plek waor hekse bij mekaor kwaome. En d'r moete ok mense gewist zèn, die d'r as kat uit d'r huis hebbe zien komme. Die vrouw had gin kat, want as ze thuis was was de kat er nie, en as de kat er was, was de vrouw er nie....
nl.verhalenbank.41696
Ouwe Sibbeltsje en Jakob Rosier die liepen op 'e bonte brug te Dokkum. Toen sagen se in katsje. Sibbeltsje nam it katsje op en toen stond een ouwe frou in it paradies. En Sibbeltsje nam de kat in de skolk en toen skelde dat mins om die kat. Maar sie had de macht niet over haar praat. Sibbeltsje slingerde toen de kat over het bruggetsje naar haar toe. Toen...
nl.verhalenbank.32613
Alde Rikele Myt - ek faek Mytsje-muoi neamd - wie ek in tsjoenster. Dy wenne op 'e Skieding. Jouns wie se altyd op in paed. Dan foroare se har yn in kat. Op in kear kaem se sa ris wer by minsken. Mar de man hie har yn 'e rekken en sei: "'k Sil dy wol helpe." Doe sloech er in spiker yn 'e ein fan in stok. "As se nou wer komt, dan krijt se der fan", sei er....
nl.verhalenbank.32011
Hjir yn 'e Westerein kaem ris op in joun in fremde kat by guon yn 'e hûs. Dat wie har buorfrou, dat wie in tsjoenster. Dy koe har yn in kat foroarje. Doe hat de man mei in klomp op dy kat smiten. De oare deis hie de buorfrou in grouwe bult oan 'e holle.
nl.verhalenbank.29786
Alde Frânse Hinke út 'e Rottefalle wie in duvelbander. Mar sy koe ek tsjoene, seinen de minsken. Se roan mei de bolkoer, mar de minsken woenen har net yn 'e hûs ha. Hja bitsjoende de bern. Dy hienen dan krânsen yn 'e kessens. Hja fleach op in biezemstok troch de loft.
nl.verhalenbank.29617
707