Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: zwart Place of Narration: Drachten
Op 'e Hearrewei tusken Nyegea en Sumar spoeke froeger in frommes, dêr wienen in hiele bult lju bang foar. Hja wie alhiel yn 't swart klaeid.
nl.verhalenbank.25049
Yn 'e Boelensloane spoeke in houn mei in potsje yn 'e bek. Dy houn foroare soms yn in dame mei in swart kleed om.
nl.verhalenbank.23478
Der wienen ek guon dy ha by 't Blauhûs in beest sjoen, great en swart en dat rattele mei kettings.
nl.verhalenbank.37920
Fan 'e 'Lauwers' nei Surhústerfean wie in eintsje wei, dêr doarst in koopman fan Grinzer Pein, in sekere Gjaltema - oars in man dy't net bang wie - net lâns, as er allinne wie. Hy hie dêr ris in swart ding sjoen. Dizze Gjaltema hie in wikseldaelder. Der woarde fan sein dat er by de frijmetselaers wie.
nl.verhalenbank.27495
Yn 't Westen fan Aldegea wienen inkelde lantearnen by de wei lâns. Dy joegen mar in bytsje ljocht. Op in joun let moest ik de kant út nei Earnewâld ta. Doe't ik by de earste lantearne wie, kom der my in houn op side. It wie in houn sa great as in keal en alhielendal swart. Ik woarde binaud. Hy roan stiif njonken my lâns. Doe't ik nei syn kop seach woarde...
nl.verhalenbank.33631
To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om. Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie....
nl.verhalenbank.17752
Op in kear haw ik mei Ritske van der Meer (^) yn 't strie slept by in boer yn 'e skuorre, doe't wy op 'e klaei oan 't flaechsteppen wienen. 't Wie op in joun. Ritske fortelde, hy soe us nei syn faem Kee ta. Hy kom út syn hûs wei en doe't er sa'n trije à fjouwerhondert meter roan hie, doe kom er op 't hoekje en dêr seach er in brunich hountsje. Hy giet op...
nl.verhalenbank.23012
7