Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: zwart verbranden
Op 'e Skieppedrifte wienen 't by âlds allegear tsjoensters. Rikele Tsjerks (famylje fan Sterke Hearke) hie nachts in gripe by 't bêd stean. Op in kear wienen 't allegear swarte kaën by him yn 'e hûs. Doe doarst hy der net yn om 't iten fan 't fjûr to heljen. Dat liet er forbrânne.
nl.verhalenbank.23445
Yn Sweagerbosk dêr wenne âlde Tryntsjemoai. Dat wie heit syn beppe. De minsken dy't dêrfoaroer wennen hienen hinnen. De frou dêrre dat wie in tsjoenster. De hinnen kommen hyltyd op beppe har gerjochtichheit. Dan jage beppe se wer fuort. Doe woarden dy minsken lulk. Beppe woarde siik. Der sieten krânsen yn har kessen. Se wie bitsjoend. Dat hie dat minske...
nl.verhalenbank.20563
Alle Tet wie de greatste tsjoenster fan 'e Harkema. Sy wenne op 'e Bulten. Sy koe har yn in kat foroarje. Op in kear, doe't se as kat oan 't spûkjen wie ha se har op 't eech slein. Sûnt hie 't minske altyd in blau eech. Ik haw har noait oars kend. Tet bitsjoende de bern. Dan gong ien fan 'e âlden nei greate Wopke ta. Dy joech in drankje mei en dan sei er:...
nl.verhalenbank.27725
Ik wie in jonge, doe hat Gjets Jel my ris in pepermuntsje jown. Doe't ik thúskom, sei mem: "Hast it opiten?" "Ja", sei 'k. "Dan bist bitsjoend", sei mem. "Dan sil 'k mei dy nei Frânse Hinke." Doe rekke ik mei mem nei dat minske ta, dat yn 'e Rottefalle wenne. "Ja," sei se tsjin my, "dû bist bitsjoend. In âld minske docht it. Dy foroaret har yn in swarte...
nl.verhalenbank.23573
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
5