Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: zwanger Place of Narration: Drachten
Froulju dy't yn forwachting binne, matte noait boeken lêze mei titels dêr't meardere persoanen yn foar komme. Se matte dan bygelyks net 'De drie musketiers' lêze, hwant dan kin 't gebeure dat se in trijeling krije. Op in kear wie myn frou yn forwachting. Yn dy tiid lêsde se yn in roman yn ôfleveringen - der kaem elke wike ien by - dat wie: Henderika, de...
nl.verhalenbank.37025
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Ik kom us in kear út tsjerke wei. Ik moest de bosk foarby. Doe hearde ik dat dêr ien kjirme. Ik tocht: O heden, dat is grif in oanranding. Ik gong dêrhinne, dêr't it lûd wei kom en ik hie myn mes al út 'e bûse. Doe kom ik by in bank, dêr siet in âld-minske op. Ik sei: "Goeije dag, mefrou." "Ik bin gjin mefrou," sei se, "ik bin in juffrou." "Sil ik de...
nl.verhalenbank.26936
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek o sa sterk. Sy wenne op 'e klaei yn Jirnsum. Rixt hie forkearing mei in feint. It kom sa fier, dat sy moest fan dy feint bifalle. Doe makke dy feint it gau út en hy kom net wer. Rixt krige in bern. Doe't dat sa'n oardeheal à twa jier âld wie, wie der us in kear feest yn Raerd (=...
nl.verhalenbank.23631
In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin." Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern...
nl.verhalenbank.17753
Hwannear't in frou yn forwachting is, mat se noait ûnder in line trochrinne, wurdt der biweard, oars krijt it bern stringen om 'e hals.
nl.verhalenbank.26968
Men mat sa'n minske ek net kjel meitsje mei in kat. Dan krijt se ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.26969
Yn Fryskepeallen wenne in jonkje, dat hie in barchje op 'e bille sitten. Mei 't baeijen hienen de bern it sjoen. Dat wie kom trochdat it minske sa kjel woarn wie fan in baerch yn 'e tiid dat se it bern forwachte. Dy baerch hie lulk west. Sa hie dat jonkje de ôfbylding fan in baerch op 'e bille krigen
nl.verhalenbank.27930
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil. En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
Tsearde Oekje wenne yn Boarnburgum. Hja wie yn forwachting. Doe gebeurde 't op in kear dat it feest wie yn Boarnburgum. Oekje wie dêr ek mei in stik of hwat oare froulju. Doe stie dêr in sweefmalmoune. Oekje sei tsjin 'e oare froulju: "Wy wolle even meiinoar sweve, net?" En dat gong oan. Oekje bifoel koart dêrnei. Sy krige in soan, dy slingere altyd mei...
nl.verhalenbank.26967
Froeger wie der yn 'e Houtighage in húshâlding. Dy minsken hienen allegear feardige bern. Froeger wie dêr in soad bosk by de Houtigehage. Dêr wienen doe ek harten en hazzen. Op in kear gong de man fan dy húshâlding der op út mei 't gewear. It jeijen wie doe noch frij. De man sjit in hazze. Hy giet werom nei de spittene keet. De hazze smyt er yn 't foarhûs...
nl.verhalenbank.24594
Rypke Atsma fan Eastemar moest in bern ha by de faem. Mar hy liet har mei it bern sitte. Doe is hja mei har bern yn 't wetter sprong en fordronken. Op 'e dei fan 'e bigraffenis woe Rypke de klok net lieden hearre. Hy soarge der foar dat er út 'e wyn wie. Mar krekt op 'e ûre, dat it lyk op it tsjerkhôf brocht woarde, draeide de wyn en klonk it lieden sa...
nl.verhalenbank.26154
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Thomas Clare wie kaertlizter. Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se. Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
nl.verhalenbank.24687
Bearn van der Woude fan Grinzer Pein fortelde: Der wie in widdoufrou, dy wie al hwat âld. Mar sy hie noch wol nocht oan in man. Dat der kom wolris ien by har. Dy sei op in kear: "Ik sil har sa'n ding keapje." Dêr die er sûpe yn. Doe gong er nei 't âld-wiif ta . En doe gong it oan. Fan dy tiid ôf bigoun 't âld-wiif to groeijen. Op 't lêst seinen har...
nl.verhalenbank.28252
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
nl.verhalenbank.26121
Rapke Aukes wenne op 'e Houtigehage. Op in kear kom er thús mei in hazze. 't Frommes sei: "Hwat hast dêr in moaije hazze!" "Ja," sei Rapke, "dêr sit in moaije kop op." En hy kriget de hazze en flikt der har út gekheit mei tsjin 'e holle oan. It minske wie yn forwachting. Doe't it bern geboaren woarde wie 't in soan mei in hazzemûle. It is Piter Tuinstra.
nl.verhalenbank.26889
Hoe't de stjonkswam der kommen is Der wie ris in fanke. dat waard grutbrocht by har beppe. Beppe wenne yn in hûske yn 'e bosk. Se wie tige earm en waard fan 'e tsjerke ûnderhâlden. Dat sadree't it fanke âld genôch wie, moast se der út en waard boerefaam. Beppe woe graach, dat se har ta deugd oanstelle soe en dêrom fertelde se har allerhanne ferhalen,...
nl.verhalenbank.14634
35